Jens Emil Mungard

Jens Emil Mungard (Keitum, 9 febrewaris 1885 - Sachsenhausen, 13 febrewaris 1940) wie in Noardfrysk dichter. Hy wie de âldste soan fan taalwittenskipper en skriuwer Nann Peter Mungard.

Op it strân fan Söl mei besite út West-Fryslân (Piter Sipma) yn 1908, Jens Mungard wiist mei syn finger.

Jens Mungard troude yn 1911 mei Anna Andresen fan it eilân Feer. Hja krigen fjouwer bern. It houlik einige mei in skieding.

 
Tinkstien foar Mungard yn Sachsenhausen

Jens Emil Mungard waard berne op it Noardfryske eilân Söl. Syn mem kaam te ferstjerren doe't er trije jier wie. Nei de dea fan syn mem wenne er by syn muoike. As jongkeardel wie er al aardich warber yn de literatuer, benammen mei lyryk en mytology. Syn heit fûn it bêst dat syn soan sa besteld wie mei de literatuer, mar fierders koenen se net goed mei elkoar. Der wie in protte bemuoienis fan syn heit, ek doe't Jens folwoeksen wie.

Jens boaske yn 1910 en sette him mei syn wiif nei wenjen yn it hûs fan syn heit. It spantsje libbe yn grutte earmoede, en dat waard noch slimmer doe't it hûs yn 1921 folslein delbaarnde. It hûs rekke er kwyt, gong by de frou wei, en bruts letter mei syn famylje. Yn 1934 ferliet er in skoftlang it eilân.

As jonge wie er al tige warber yn de Noard-Fryske letteren en hy hope dat it nazi-bewâld syn taal stypje soe. Mungard seach al frij gau dat de nazi's soks net fan doel wienen. De nije machthawwer yn Berlyn seach de Friezen ommers as in Dútske folksstam.[1] Mungard socht stipe by de opposysje. Yn syn dichtwurk makke er de nazi's bespotlik. Mei de Friezen yn de provinsje Fryslân besiket er kontakt te hâlden. Lykwols wurdt er dêrom yn 1935 fêstnommen en as steatsgefaarlik (national unzuverlässig) klassifisearre.[2] Yn it Schutzhaftbefehl fan 13 juny 1936 stiet: 'Jo hâlden en dragen oant no ta is foar ús in rjochtfeardiging om jo te fertinken fan it skansearjen fan it oansjen fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân.'

Yn 1938 krijt Mungard in skriuwferbod. Yn in brief nei in freon skriuwt er:[1]

De Fryske kultuer stiet op himsels en hat neat mei de Dútske kultuer te krijen. ... Wa't gjin Hitlerlieten skriuwt, mei net mear skriuwe, en dy skriuw ik net, ik skriuw oars. It lêste wat se noch dwaan moatte is myn finger ôfhakke. ... Ik wol foar Fryslân en it Frysk itselde as wat de Dútsers foar harsels wolle, krekt as de minsken yn Tsjechje, Poalen, Denemark ensafh.

Jens Emil Mungard hold him net oan it skriuwferbod en waard yn 1938 fêstnommen. Begjin 1939 waard er nei konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht. Nei 377 dagen finzen west te hawwen stoar Mungard op 13 febrewaris 1940 as gefolch fan it ferbliuw yn it konsintraasjekamp.[2]

In part fan syn wurk

bewurkje seksje
 
Foto fan it strân op Söl.

Yn 1909 ferskynden de earste dichtwurken fan Mungard. Fan 1911 ôf publisearre er frij regelmjittich yn de Sylter Zeitung. Hy skreau mear as 700 dichtwurken, 6 teaterstikken en in ferskaat oan proaza. Hjirûnder ien fan syn bekendste gedichten:


Ströntistel es min bloom,
Ströntistel neem's uk mi.
Jü gröört üp dünemsön,
Ik üp des leewents-strön,
En proter haa wat biid!

Strântiksel is myn blom,
Strântiksel neame se ek my.
Hy groeit op it dunesân,
Ik op myn libbensstrân,
En stikels ha wy beide!

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
  • Jens Emil Mungard: Ströntistel en Dünemruusen : Das lyrische Werk, red. Hans Hoeg, Quedens, 1995, ISBN 3-924422-37-0.
  • Jens Emil Mungard: Fuar di min hart heer slain : sölring steken en som breewer, red. Hans Hoeg, Nordfriisk Instituut, 1985, ISBN 3-88007-127-6.
  • Jääns E. Mungard: Strön'auktion ön blisem, Nordfriisk Instituut, 1973.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Yn it Deensk
Yn it Dútsk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Friesisch unter dem Hakenkreuz side 5 o/m 8 (sjoen op 4 feb. 2010)
  2. 2,0 2,1 Widerstand gegen den Nationalsozialismus - Jens Mungard (sjoen op 11 apr. 2010)
  3. 14.02.2010 Friisk Foriining gedenkt Jens E. Mungard (sjoen op 20 feb. 2010)
  4. Aksje foar monumint Mungard