Jenze Jan Talsma (Hallum, 24 july 1884 - Oosterbeek, 24 oktober 1961) wie in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf. Hy wie boargemaster fan de gemeenten Kamerik en Renkum.

Biografy bewurkje seksje

Talsma hie al jong niget oan polityk. Yn 1903 wie Talsma út namme fan de Frijsinnige Kiesferiening kandidaat foar de gemeenteried fan Ferwerderadiel. Talsma wurke fan 1910 oant 1916 as gemeentesekretaris yn East-Dongeradiel.[1] Dêrnei wie er op 'e gemeentesekretary fan De Bilt en Nijkerk. Yn 1916 waard Talsma beneamd ta boargemaster yn Kamerik. Achttjin jier letter makke er de oerstap nei de gemeente Renkum.

As boargemaster fan Renkum sette Talsma him yn foar natuerbeskerming en behâld fan it lânskip om ideële en toeristyske redenen. Yn septimber 1944 waarden grutte dielen fan de gemeente Renkum, ek Talsmas wenplak Oosterbeek, ferwoastge ûnder de gefjochten by de Slach om Arnhim. Daliks dêrnei waard de befolking twongen evakuearre mei't Renkum frontgebiet wurden wie.

Nei de oarloch wie der krityk op de rol dy't Talsma neffens guon spile hie ûnder it Dútske bewâld. De Renkumske fersetslieder Johan Snoek skreau: "Terwijl hij het juist was die, als er in ons dorp op last van de Duitsers Joden moesten worden opgehaald, een paar dagen met vakantie ging en intussen zijn politieagenten het vuile werk liet opknappen. We sidderden van afgrijzen". It Militêr Gesach woe ynearsten dat Talsma net weromkaam as boargemaster. As offisjele reden waard opjûn dat er te âld wie. Leden fan it eardere ferset betochten in plan om Talsma te ûntfieren doe't er nei njoggen moannen dochs weromkomme mocht, mar stapten dêr op advys fan de Drintske fersetsman Frits Slomp fan ôf. Talsma wie dêrnei noch trije jier boargemaster fan Renkum, ear't er mei pensjoen gie.

Talsma wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en siet yn it bestjoer fan it Geldersk Lânskip en Natuermonuminten.

Priveelibben bewurkje seksje

Talsma wie troud mei Hiltsje Pel (1890 -1953). Tegearre hiene hja in pleechdochter. Yn Oosterbeek waard de Burgemeester Talsmalaan nei him ferneamd en yn Kamerik de Burgemeester Talsmaweg.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: