Fredrik (Frits) Slomp, (Ruinerwold, 5 maart 1898 - Vaassen, 13 desimber 1978) wie in Nederlânske, grifformearde predikant en fersetsstrider en organisator fan de help oan ûnderdûkers yn de Twadde Wrâldoarloch. Slomp syn namme yn it ferset wie Frits de Zwerver of ek wol Ouderling Van Zanten. [1]

Frits Slomp
Boarstbyld fan Frits de Zwerver alias Frits Slomp yn Heemse
Boarstbyld fan Frits de Zwerver alias Frits Slomp yn Heemse
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fredrik Slomp
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 maart 1898
stoarn 13 desimber 1978
wurkpaad
berop/amt Predikant
reden
  bekendheid
Fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch

Foar de Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Slomp waard yn 1898 berne yn Ruinerwold as soan fan de bouboer Jan Slomp en Grietje Zantinge. Hy studearre teology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Yn 1927 troude er mei de dochter fan in pleatslike haadûnderwizer; it pear krige in soan en in dochter.[1] Ek yn 1927 waard er grifformeard predikant yn Nieuwlande en dêrnei yn 1930 te Heemse by Hardenberg. Dat plak leit ticht by de Dútske grins, sadat er fia Dútske tsjerkegongers en ek troch eigen ûndersyk al gau de gefaren fan it Dútske nazisme besefte en him dêrtsjin fersette soe. Sadwaande holp er Joadske flechtlingen, dy't ein jierren tritich Dútslân ûntflechte wiene.

Frits Slomp wie in praktysk ynstelde en sosjaal belutsen predikant. Yn 1935 reizge er as foarsitter fan in kommisje ta bestriding fan jeugdwurkleazens mei in delegaasje nei De Haach om te protestearjen tsjin de sinleazens fan in wurkleasheidsprojekt. Ek fersette er him tsjin in beslút fan it Nederlânske regear op 10 maaie 1938 om wurkleaze Nederlanners nei Dútslân te stjoeren foar wurk. Hy seach dit as in oantaasting fan de geastlike frijheid, omdat neffens him de minsken dy't it oanbelange net "ûnskeind" weromkeare soene. Mei help fan de tsjerkeried helle Slomp de boeren yn syn doarp oer om elk in ekstra lânarbeider oan te nimmen om it tal wurkleazen te ferminderjen, en sels naam er ekstra helppredikanten oan. [1]

Yn de oarloch

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldoarloch luts er fan de kânsel ôf en op yllegale gearkomsten fan de Anty-Revolúsjonêre Partij en it Christelijk Nationaal Vakverbond fûl fan lear tsjin de Dútske besetter. As gefolch dêrfan moast er yn july 1942 ûnderdûke. Yn syn ûnderdûkperioade krige er kunde oan Helena Kuipers-Rietberg (Tante Riek) op waans oanstean er ein 1942, begjin 1943 tegearre mei har de Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers (ôfkoarte LO) oprjochte. Frits Slomp hat Johannes Post kend.
Nei 't er op 12 july 1942 yn in preek oproppen hie ta in boykot fan de Nederlandse Arbeidsdienst, woe de Gestapo him oppakke, mar hy koe ûnderdûke foardat er arrestearre waard. [1]

 
Koepelfinzenis yn Arnhim (foto út 1999)

Yn 1944 waard er oppakt yn Ruurlo troch de NSB-plysjeman Gerrit Stap. Slomp hie in brosjuere by him dy 't skreaun wie troch Frits de Zwerver. Uteinlik bychte Slomp op dat er de skriuwer fan de brosjuere wie, mar Stap leaude him net, omdat er troch it donker ferve hier fan Slomp miende mei in Joad fan dwaan te hawwen. [2] De Landelijke Knokploegen (LKP) slagge it, mei in wichtige rol foar de Enschedese bakker en lieder fan de KP Twente Johannes ter Horst, him troch in oerfal op de Koepelfinzenis yn Arnhim te befrijen. Slomp dûkte ûnder mei syn húshâlding en helle sa feilich de ein fan de oarloch.

Oan de ein fan en yn de earste moannen nei ôfrin fan de oarloch wie er belêstige mei iepenbiere oardertaken.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Hy lei him letter ek ta op pastorale soarch oan persoanen dy't mei de Dútsers holden hiene; dat hie fan gefolgen dat in tal eardere NSB' ers en in SS'-er ta ynkear kamen en by him belidenis fan it leauwen diene.

Yn de hjerst fan 1945 naam er it predikantskip yn Blokker (Noard-Hollân) oan. Dêrnei gied er yn 1948 nei it doetiidske Nederlânsk-Ynje en makke sadwaande de twadde polisjonele aksje mei. Yn 1949 rûn de jeep dêr 't er yn siet op in lânmyn; hy rekke net swierferwûne, mar hy hold der wol in bliuwend min gehoar oan oer.

Yn 1950 kaam er werom nei Hoorn; fanwegen evangelisaasje ûnder minsken út de legere ynkommensgroepen kaam er yn konflikt mei de tsjerkeried en gie er yn 1962 dêrom betiid mei emeritaat. Yn it Wolvegea sette er lykwols oant 1966 sokke evangelisaasje-aksjes troch. Dêrnei ferhuze er nei Vaassen.

Yn 1965 spruts Slomp him, oars as in soad Nederlânske fersetsminsken, út foar in houlik tusken prinses Beatrix en de Dútske diplomaat Claus von Amsberg en wist er ek oaren fan syn stânpunt te oertsjûgjen. Yn 1972 pleite er ek foar de frijlitting fan trije Dútske oarlochsmisdiedigers, de saneamde Trije fan Breda, út de finzenis.
Yn 1972 waard by him kanker konstatearre dêr't er úteinlik yn 1978, mei goed tachtich jier, oan stoar. Slomp waard beïerdige op it begraafplak fan de Grifformearde Tsjerke te Berghuizen.

Underskiedingen

bewurkje seksje

Slomp krige fan it Ingelske regear op 18 oktober 1948 de King's Medal for Courage yn the Cause of Freedom. Op syn 70e jierdei, 5 maart 1968, krige ds. Slomp út hannen fan de boargemaster fan Epe de fersiersels hearrende by it ofsierskip fan 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Op 28 april 2014 waard de Yad Vashem-ûnderskieding postúm takend oan Slomp en syn frou Tjaltje Slomp-Ten Kate. De útrikking wie yn it Fersetsmuseum yn Amsterdam.

  • Jan Hof: Frits de Zwerver. Twaalf jaar strijd tegen de naziterreur. Uitgeverij Omniboek, Utert, 8. Aufl. 2013, ISBN 978-90-5977-938-9.
  • Dick Kaajan: Kampen: eindpunt van tournee over geestelijk verzet. Yn: Kamper Almanak, jiergong. 2003, s. 176–195 (online).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 H.J.Ph.G. Kaajan: Slomp, Fredrik (1898–1978). In: Klaas van Berkel (Red.): Biografisch Woordenboek van Nederland, Bd. 6, Instituut voor Nederlandse Geschiedenis, 's-Gravenhage 2008, ISBN 978-90-5216-163-1 (online).
  2. Dick Kaajan, 'Nieuw licht op arrestatie en bevrijding van Frits de Zwerver in mei 1944', yn: Elfde bulletin van de Tweede Wereldoorlog. Soesterberg: Uitgeverij Aspekt, 2012, s. 251-338. Argivearre op 9 july 2022.