Fjouwer fan Breda

(Trochferwiisd fan Trije fan Breda)

De Fjouwer fan Breda, letter Trije fan Breda en Twa fan Breda, wienen Dútske ooarlochsmisdiedigers. Sy sieten fêst yn de koepelfinzenis fan Breda.

Minister Dries van Agt yn it debat oer de Trije fan Breda (1972)

It wienen:

Lages krige strafûnderbrekking yn 1966, omdat Nederlânske artsen tochten dat er terminaal siik wie, wat efternei bliken die net wier te wêzen. Hy libbe nei in termoperaasje noch benei fiif jier yn frijens.

Oer de trije oerbleaune finzenen ûntstie yn 1972 skeel tusken de doetiidske minister fan Justysje, Dries van Agt en de Twadde Keamer. Van Agt hie trochskimerje litten dat er posityf reagearje woe op in graasjefersyk fan de trije fan Breda, mei op grûn fan in advys fan de Hege Ried. Uteinlik waard it graasjefersyk ôfwiisd, nei it oannimmen fan de moasje-Voogd. De frijlitting gie net troch nei in fan Anneke Goudsmit (D66) bepleite harksitting en in ferheftich Keamerdebat, fanwege tige sterk en emosjoneel ferset fan de mienskip út, benammen fan ferienings fan oarlochsslachtoffers.

Op 31 july 1979 stoar Kotälla yn de Bredaaske finzenis. Op 27 jannewaris 1989 waarden de oerbleaune twa frijlitten op oanstean fan minister Korthals Altes. De minister waard stipe troch njoggentjin foaroansteande Nederlanners, sa as âld-fersetsman Hans Teengs Gerritsen en oare eardere tsjinstanner fan de frijlitting, dy't in brief ûndertekenen dêr't sy ynstimden mei Korthals' útstel. Ek skriuwer en oerlibbene fan Bergen-Belsen Abel Herzberg pleite yn it iepenbier foar frijlitting.

Herzberg wie strafrjochtsaakkundige en naam in stânpunt yn dat folslein tsjinoersteld wie oan dat fan in protte Nederlânske Joaden yn dy tiid. De opstelling fan Joadske tsjinstanners fan frijlitting neamde hy fol fan 'haat en ferjilding' en hy lei der de klam op dat wraak op sa'n wize gjin doel hie.[1] Neidat de lêste twa fan Breda frijkaam wiene liet Herzberg witte, dat hysels ek twifele oan syn eigen opstelling yn dy saak.

Aus der Fünten en Fischer stoaren koart skoft nei harren frijlitting.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NIOD: Drie van Breda in het publieke debat