Franz Fischer (SS-er)
Franz Fischer (Bigge, 10 desimber 1901 – Bigge, 19 septimber 1989) wie in SS-Sturmscharführer en fanatike joadeferfolger yn de Twadde Wrâldkriich.
Fischer wie de âldste út in katolike húshâlding fan fiif bern. Hy fielde him fan jongsôf tige oanlutsen ta de roomsk-katolike tsjerke en woe ynearsten krektas in broer en suster fan syn mem it kleaster yngean. Hy hie neffens himsels ek nocht oan iensumens. Op de middelbere skoalle joech er syn winsk om it kleaster yn te gean oer, en gie er yn tsjinst. Nei it ôfmeitsjen fan syn tsjinstplicht fan njoggen moanne krige er wurk op in belêstingkantoar, dat foldie lykwols net. Hy besleat om nei de plysjeskoalle te gean. Yn 1922/23 waard er oansteld by de Kriminalpolizei yn Bochum en yn 1937 by de Gestapo te Düsseldorf.
Yn 1933 waard hy lid fan de NSDAP, mar hy wie nei eigen sizzen net yn de polityk interessearre. Yn 1934 troude er. Op 28 maaie 1940 waard hy pleatst by de Aussenstelle der Sicherheitspolizei und des SD te Utert, dêr't er inkele moanne oan it wurk wêze soe. Yn novimber 1940 waard er oerpleatst nei Referat IV-BV te Den Haach. Dit buro regele de deportaasje fan Joaden en opspoaring fan Joadske ûnderdûkers. Syn direkte baas wie Regierungsrat Willy Zöpf, mar dy liet de deistige lieding oer oan Fischer. Fanwege syn fanatyk jeien op Joaden krige er de bynamme "Judenfischer" (Joadefisker).
Libbenslang, deastraf en dochs wer libbenslang
bewurkje seksjeFischer waard troch it Bysûnder Gerjochtshôf yn Den Haach op 17 maart 1949 feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. Dat er net de deastraf krige, kaam trochdat it hôf syn sterke jildingsdriuw, syn skuldbesef, syn dúdlik antisemitisme as bysûndere psychyske aspekten beskôge dêr't mei de tawizing fan de strafmjitte rekken hâlden wurde moast.
De Bysûndere Rie fan Kassaasje feroardiele him lykwols op 12 july 1950 wol ta de dea. Dit arrest waard lykwols nea útfierd. Oan Fischer waard nammentlik yn 1951 graasje ferliend, sadat de deastraf werombrocht waard ta libbenslange opsluting. Dêrnei waard er fêstsetten yn de koepelfinzenis fan Breda, dêr't ûnder oaren Willy Lages, Joseph Kotälla en Ferdinand aus der Fünten opsletten wienen.
Fischer waard, tegearre mei Aus der Fünten op 27 jannewaris 1989 frijlitten. Fischer ferstoar noch yn datselde jier op 19 septimber yn it Sankt Josef Hospital yn Bigge-Olsberg en waard op moandei 25 septimber bedobbe. Aus der Fünten wie al earder, op 19 april, ferstoarn.