Jeppemastate (Westernijtsjerk)

Jeppemastate wie in state benoarden en bewesten it tsjerkhôf fan Westernijtsjerk yn de gemeente Ferwerderadiel. It hôf en it oanlizzende terrein mei in lyts terrein noardwest dêrfan, dêr't sa goed as seker de âldste stins stien hat, binne as archeologysk monumint út de lette midsiuwen beskerme. Op it terrein stiet in wenhûs dat faaks in túnmanswente wie. Yn de ferkaveling fan it terrein oan de noardeast kant binne âlde túnpersielen werom te kennen, dy't tsjintwurdich troch de wei trochsnien wurde. Fan de state is neat werom te finen.

Jeppemastate (1723)
Jeppemastate (2009)

Jeppema wie yn de 15e iuw en earder nei alle gedachten al in wichtich adelshûs. Yn de 16e iuw fererve de stins op Jeppema-neisieten yn froulike line. De lykneamde famylje komt yn 1431 as Jeppama foar, de state as Jeppema haus yn 1483. Krektas de besibbe famylje Botnia waard ek mei de Jeppema's yn de 16e iuw in optochte skiednis ferbûn. De earste histoarysk betroubere fermelding giet oer Kempa Jeppama, dêr't yn 1431 fan sein wurdt dat er turf foar de tsjerke fan Westernijtsjerk betelle. De nauwe bân tusken Jeppemahûs en de tsjerke blykt ek út de lizzing fan de tsjerke, dêr't de âldste dielen fan út de ier 13e iuw komme, en dy't min ofte mear op it terrein fan Jeppema leit. De tsjerke liket dêrmei in aadlike stichting te wêzen. De machtposysje fan de Jeppema's en harren eventuele rjochtsfoargongers bestie wierskynlik dus al yn de 13e iuw. Yn de jierren 1568/'78 skynt de geastlikheid omkeard de neite oanfierd te hawwen as argumint yn syn oanspraken op de - doe ûnbewenne - stins. Kempa syn soan Eppa of Jeppe Jeppama trede yn 1437 op út namme fan Botta Halbada yn Ferwert, mooglik syn sweager, yn dy syn skeel oer ferskaat ûnreplik guod mei it kleaster Klaarkamp. Jeppe syn widdo Frouck Helbada wertroude mei Ernst Unema. In dochter út har earste houlik wie Ansck Jeppema, dy't út har houlik mei Syds Botnia in soan Tzalingh Botnia alias Jeppema hie. In folle broer fan Ansck wie jonge Jeppe Jeppema, dy't Jeppema erve. Ut it houlik fan Frouck Helbada mei Ernst Unema hie hja in soan Feye Unema. Jonge Jeppe Jeppema stried yn 1481 mei ûnder mear syn sweager Syds Botnia tsjin de Ljouwerter Fetkeapers. Yn 1483 makke hy syn testamint; hy wie de lêste Jeppema yn manlike line. Jeppemahûs fermakke hy oan syn healbroer Feye Unema; syn omkesizzer Tzalingh Botnia krige it guod by Ydsma Hawszz ûnder Westernijtsjerk, syn widdo Luts Feytsma krige Markla yn Hallum, syn susters Bottie en Ulke it Saskera-guod yn Westernijtsjerk. Fan Jeppema guod wurde yn (de Dútske oersetting fan) it testamint ûnder mear de neikommende ûnderdielen neamd: "Jeppema haus mit dem hornleger, de tuin bij het huis, het oude erf, twee huissteden vor dy boeszder (foar de doar fan de stâl), zaadland bij de kerk, en koegrazen op Jeppama torp". Feye Unema syn widdo sluet har yn 1495 mei Jeppemahûs oan by it ferbûn mei Eastergoa mei Grins. Tusken Tzalingh Botnia en Feye Unema's soan Sipt Unema alias Jeppema soe letter in proses oer Jeppema fierd wurde. Yn 1504 waard Tzalingh Botnia toe Ieppema ta de eallju fan Ferwerderadiel rekkene; yn 1511 wie echter Rynts Jeppama, de widdo fan Sipt Unema alias Jeppema, lânfrou en yn 1540 har soan Romcke lânhear "to Jeppama".

By de ferkeap yn 1860 fan it 'voormalig buitengoed Jepma State' wurde noch 13 persielen ûnderskieden, dêrûnder de Sudersinkel, de 'ekkelbosch', de mispelsingel, de appelhof, de lege hoeke, de wyldernis, de wylde singel, de kershof, de beide foarsingels, de krússingels en de lange singel, dêr't in oantal nammen noch fan bekend binne.

Op de kaarten fan 1579 (Ieppam), 1622 en 1664 waard Jeppema as aadlike state al oanjûn. Stellingwerf tekene yn 1722 in út meardere ûnderdielen gearstald hûs. Links op de tekening sil it âldste gedielte wêze mei in trepgevel. De ienfâldige doar ûnder, docht tinken oan in stinskeldertagong. It fierdere wenhûs is troch skyldakken dekt en hat in middengedielte mei noch ier 17e-iuwske finsters. It eftergedielte liket jonger, mooglik is it measte linkse paviljoen op grûn fan symmetry byboud. It poartegebou oer de grêft is dan al ferdwûn en ferfongen troch in izeren stek mei op de peallen twa lizzende liuwen. Mooglik binne dat de liuwen, dy't no noch op de pleats Grut Sminia bewarre wurde. As bouhear fan it wengebou soe Binnert fan Heringa yn de beneaming komme. Yn de atlas fan 1718 is it hûs oanjûn op in omgrêfte persiel benoardeasten de tsjerke. Yn 1832 wie it omgrêfte stee útwreide mei in persiel benoardwesten de tsjerke. Yn beide jierren leinen bûten de grêft noch tunen en leanen.

Eigeners
  • 1431 Kempa Jeppama
  • 1437 Jeppe Jeppama en Frouck Helbada
  • 1481, 1483 jonge Jeppe Jeppema en Luts Feitsma
  • Feye Ernsts Unema
  • 1504 Tzalingh Botnia toe Ieppema
  • - 1509 Sipt Unema alias Jeppema en Rints Foppinga
  • 1511 Rints Foppinga
  • 1540 Romcke Sipts Jeppema
  • 1640 jr. Andrys fan Waltinga yn qualitate de bern jr. Ruyrd Roorda silger
  • fam Fan Heringa (?)
  • 1698 grytman Binnert Heringa fan Grovestins erven
  • 1728 Frederik fan Grovestins
  • 1832 J.W.M. baron Collot d’Escury

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen -De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, diel 5
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Stinzen yn Fryslân