Jeropeeske Ekonomyske Romte
De Jeropeeske Ekonomyske Romte (JER) is in ferdrach tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny (JU) en de Jeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA). It ferdrach bestiet sûnt 1 jannewaris 1994. It akkoart moat it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de dielnimmende lannen befoarderje.
De organisaasje ûntstie om't de lannen fan de JFA dy’t net dielnimme oan de Jeropeeske Uny ek profiteare te litten fan it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny. Hjirfoar moasten wetten fan de Jeropeeske Uny ynfierd wurde yn de lannen fan de JER.
Dielnimmers
bewurkje seksjeDe dielnimmers oan it ferdrach binne alle lannen fan de Jeropeeske Uny en trije fan de fjouwer lannen fan de JER, útsein Switserlân. It ferdrach is hjirmei allinnich fan tapassing op Yslân, Noarwegen en Lychtenstein.
Switserlân ûnderhannele mei om diel te nimmen oan it ferdrach, mar de befolking fan it lân liet troch in referindum witte net meidwaan te wollen.
Organisaasje
bewurkje seksjeDer is in Rie foar allen lannen, besteande út de fertsjintwurdiger fan de fjouwer leden en de Jeropeeske Kommisje. De bedoeling fan dy rie is om de wetjouwing fan de fjouwer lannen ôf te stimmen op dy fan de Jeropeeske Uny. De rie komt twa kear yn it jier byelkoar.