Jeruzalimske Talmoed
De Jeruzalimske Talmoed, yn it Hebriuwsk: תַּלְמוּד יְרוּשָׁלְמִי, Ṯalmūd Yěrušalmi (ṯalmūd betsjut "ûnderrjocht"), is in wichtige joadske tekst wêryn't de âlde Mûnlinge Torah fêstlein is (de Mishnah) mei de bestudearring dêrfan (de Gemara), neffens westlike tradysje fan Palestina. Guon hâlde út dat de namme "Palestynske Talmoed" of "Talmoed fan it Lân Israel" in sekuerder oantsjutting wêze soe, mei't de Jeruzalimske Talmoed grutdiels yn Galileä skreaun is, en net yn Jeruzalim. De tafoeging is nedich om dit wurk te ûnderskieden fan inselde soarte tekst fan 'e eastlike tradysje, de Babyloanyske Talmoed.
Jeruzalimske Talmoed | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | תַּלְמוּד יְרוּשָׁלְמִי ("Ṯalmūd Yěrušalmi") | |
auteur | ferskaat | |
taal | Hebriuwsk en Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 350 – 400 n.Kr. |
Hoewol't de Babyloanyske Talmoed letter reekommen is as de Jeruzalimske Talmoed, wurdt dêroan yn 'e regel mear gesach takend as oan 'e Jeruzalimske Talmoed, dat as men it hat oer dé Talmoed, sûnder fierdere oantsjutting, dan wurdt de Babyloanyske Talmoed bedoeld. De Jeruzalimske Talmoed datearret út 'e twadde helte fan 'e fjirde iuw (n.Kr.), wylst oan 'e Babyloanyske Talmoed pas sa'n twahûndert jier letter de lêste hân lein waard. De Jeruzalimske Talmoed is fierhinne skreaun troch joadske skriftlearden fan 'e akademys te Tibearias en Sesaréa, yn it Hebriuwsk en it Joadsk Palestynsk Arameesk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |