Jesper Hospes
Jesper Hospes (It Hearrenfean, 19 oktober 1988) is in Nederlânske langebaanrider, waans spesjaliteit op de koarte ôfstannen leit.
Jesper Hospes | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jesper Hospes | |
bertedatum | 19 oktober 1988 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | sprinter | |
debút | 2008 | |
karriêre-ein | 2022 |
Soan fan reedrider Henk Hospes. Syn mem is in suster fan Sies Uilkema ried noch yn de tiid fan Alie Boorsma. Ek de beide pakes wienen koartebaanrider. Jesper siet earst op fuotbaljen by SK It Hearrenfean en spile mei jonges as Geert-Arend Roorda mar stapte nei de C-junioaren oer nei it reedriden. Hospes wûn titels op de koartebaan en waard foar it langebaanriden útnûge foar Jong-Oranje, by syn maat Sven Kramer dy't by syn suster Rianne yn de klasse siet.
Folge de oplieding VMBO-t en foar Marketing en kommunikaasje en assistint kommunikaasjemeiwurker (MBU) Hospes siet yn it KNSB Opliedingsteam, in ridersploech dy't begjinnende nije langebaanriders oplate. Hy treende dêr ûnder lieding fan Peter Kolder en Jeroen van der Lee. Yn 2010 makke hy de oerstap nei de opliedingsploech shorttrack.[1]
Hospes makke syn debút by de senioaren yn seizoen 2008/2009 op it NK ôfstannen yn Thialf. Hy starte dêr op de 500 en 1000 meter, dêr't hy respektivelik 13e en 18e waard. De twa jierren dêrnei die Hospes allinnich mei op de 500 meter en einige respektivelik as 19e en 11e.
Yn jannewaris 2009 waard Jesper Hospes Frysk kampioen by it koartebaanriden, in jier letter waard hy sels Nederlânsk kampioen. Yn it neijier fan 2010 wûn Hospes boppedat de earste koartebaanwedstriid op natueriis[2][3].
Persoanlike records
bewurkje seksjeôfstân | tiid | datum | iisbaan |
---|---|---|---|
500 meter | 35,06 | 3 desimber 2011 | Thialf |
1000 meter | 1.10,35 | 15 maart 2008 | Calgary |
1500 meter | 1.50,38 | 13 maart 2008 | Calgary |
3000 meter | 4.07,96 | 18 maart 2007 | Thialf |
5000 meter | 7.14,95 | 19 maart 2007 | Thialf |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|