Henk Hospes (It Hearrenfean?, 4 july 1956) wie in koartebaanrider yn de jierren '70 en '80 fan de 20e iuw. Hy is de heit fan Rianne en Jesper Hospes, syn frou Anneke is in suster fan reedrider Sies Uilkema.

Henk Hospes
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 4 july 1956
berteplak It Hearrenfean
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel koartebaan

Hospes wûn yn alle leeftydskategoryen de Fryske én de Nederlânske koartebaantitel. Yn 1980 waard er yn Finkegea Frysk kampioen koartebaan. Hy ûnttroande dêr de destiidske 'Rider fan de Iuw' Piet de Boer en de bruorren Mathijs en Geert Kuiper. Yn 1987 waard Hospes Nederlânsk kampioen by de senioaren. Hy siet ek yn de technyske kommisje fan it gewest Fryslân fan de KNSB.

Utslaggen bewurkje seksje

Jier Plak Kampioenskip
1976 7 NK Sprint
1977 12 NK Sprint
1978 7 NK Sprint
1979 DNS3 NK Sprint
1980 10 NK Sprint
1981 13 NK Sprint
1985 DNS2 NK Sprint
1986 21 NK Sprint
1988 12 NK ôfstannen 500 m.
1988 14 NK ôfstannen 5000 m.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: