Jihadi John is de bynamme fan in lieder fan in sel fan Islamityske Steat, dy't yn 'e mande mei de trije oare leden Alexanda Kotey, El Shafee Elsheikh en Aine David ferantwurdlik holden wurdt foar de ûnfiering en moard op 27 sjoernalisten, helpferlieners en oaren yn de tiid dat Islamityske Steat oer grutte dielen fan Syrje en Irak hearske.[1]

De slachtoffers fan de sel krigen te min iten, waarden foar harren eksekúsje mishannele en slein en ûndergyngen skyneksekúsjes, elektryske skokken en waterboarding. Fan it ûnthalzjen waarden fan guon slachtoffers fideo-opnamen makke en op sosjale media ferspraat. Neffens gizelers dy't troch it beteljen fan losjild frijlitten waarden, neamden de finzenen de fjouwer IS-ers "The Beatles" fanwegen harren Ingelske aksint. Fan alle bewakers wiene The Beatles it aldergemienst. De maskere boal op de fideo's ferneamden de finzenen nei John Lennon en hy krige de bynamme John. Om't it ynearsten foar de wrâld net dúdlik wie wa't efter dat masker skûl gyng, joech de Britske parse him de namme "Jihadi John".[2]

De Britske ynljochtingstsjinst wist al yn 2014 hokker man efter de maskere boal fan IS skûl gyng. Om de gizelers fierder net yn gefaar te bringen bleau dat geheim oant yn febrewaris 2015 bekend makke waard dat syn echte namme Momammed Emwazi wie. [3] Hy wie de soan fan in út Kûweit nei Grut-Brittanje migrearre hûshâlding, dy't him yn Londen nei wenjen set hie.[4]

Momammed Emwazi kaam op 12 novimber 2015 yn Raqqa by in drone-oanfal om. Syn dea waard yn jannewaris 2016 troch Islamityske Steat befêstige.[5] Alexanda Kotey en El Shafee Elsheikh binne yn harren flecht nei Turkije yn 2018 troch Koerden oppakt en oan de Amerikanen oerdroegen, dêr't hja foar it rjocht komme moasten. Aine Davis wie al earder yn Istanbûl oppakt en moast yn Turkije foar it rjocht komme, dat him foar it lidmaatskip fan in terroristyske organisaasje sân jier finzenskip oplei.[6]

Libben bewurkje seksje

Mohammed Emwazi waard op 17 augustus 1988 berne yn Al Jahra, Kûweit. De famylje emigrearre yn 1994 nei Grut-Brittanje en setten him yn Londen nei wenjen[7][8] Yn 2006 besocht er de Universiteit fan Westminster, dy't yn it nijs der fan beskuldige waard in platform te jaan oan islamityske ekstremisten[9]. Syn stúdzje Ynformatika en Business Management makke Emwazi ôf en dêrnei wurke er yn Kûweit as kompjûterprogrammeur. Tegearre mei in pear freonen reizge er nei Tanzania om sabeare op safary te gean. De manlju waarden oanholden op de lofthaven fan Dar es Salaam en foar in hoart fêstholden om't hja der fan fertocht waarden troch te reizgjen nei Somaalje om harren dêr oan te sluten by de terroristyske organisaasje Al-Shabaab. Emwazi reizge letter werom nei Ingelân en makke fan dêr wei ferskillende reizen nei Kûweit. Yn 2013 besocht er wer nei Kûweit ôf te reizgjen en om't nimmen mear wat hearde joegen syn âlders him doe as fermist op. Fjouwer moanne letter fertelden syn âlden dat harren soan him oansletten hie by Islamityske Steat yn Syrje.[10] Neffens de autoriteiten fan Kûweit soe syn mem har soan fuort weromkend hawwe by it ferskinen fan de earste ûnthalzingfideo fan IS yn augustus 2014. [11] Emwazi bea syn famylje ekskúzes oan foar de skande dy't hy oer syn famylje brocht. Foar it eksekutearjen fan syn finzenen hat er gjin ekskúzes oanbean.[12]

Nammen slachtoffers bewurkje seksje

Jihadi John stiet bekend as boal fan de folgjende slachtoffers:

  • James Foley
  • Steven Sotloff
  • David Haines
  • Alan Henning
  • Peter Kassig
  • Haruna Yukawa
  • Kenji Goto

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: