Jill Kelly, echte namme: Adrianne Diane Moore (Pomona (Kalifornje), 1 febrewaris 1971), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur, pornoprodusinte en mainstream-aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Jill Kellie of Jill Kelley, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jill Kennedy, Jill Roberts, Calista Jammer, Calista J., Calista Jay, Seth Damian, Seth Damien en Adrian.

Jill Kelly
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jill Kellie, Jill Kelley,
Jill Kennedy, Jill Roberts,
Calista Jammer, Calista J.,
Calista Jay, Seth Damian,
Seth Damien, Adrian
echte namme Adrianne Diane Moore
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 febrewaris 1971
berteplak Pomona (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19932002 & 20032006
offisjele webside
www.jillkelly.com

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Jill Kelly is hikke en tein yn Pomona, in foarstêd fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Doe't se fyftjin jier wie, begûn se as stripper te wurkjen yn 'e Babydolls-stripklub yn Pomona, wêrby't se gebrûk makke fan in ferfalske identiteitsbewiis. Nei't se it útmakke hie mei har doetiidske freon, ferrette dy har wiere âldens oan 'e klubeigner, dy't har dêrop ûntsloech. Yn 1989, doe't se achttjin wie, kearde se werom by Babydolls, dêr't se har tsjin dy tiid net iens mear werom koene. Letter die se live-seksshows yn it O'Farrell Theatre yn San Fransisko mei Tiffany Million, en yn 1993 giene se tegearre nei Las Vegas ta, yn 'e steat Nevada, dêr't doe de útrikking fan 'e AVN Awards holden waard.

Troch kontakten dy't Kelly dêr opdie, rekke se behelle yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en datselde jiers noch makke se har debút yn har earste pornografyske film. Yn har trettjin jier duorjende karriêre as pornoaktrise spile Kelly yn likernôch 540 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Sin City en Wicked Pictures. Dêrmei wûn se trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en boppedat waard se yn 2003 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Njonken har aktearen wie Kelly ek wurksum as regisseur en produsinte. Yn totaal regisearre se likernôch 50 films, gauris foar har eigen produksjebedriuw Jill Kelly Productions (JKP), dat se yn 1998 oprjochte. Yn 2005 frege JKP fajisemint oan, koart nei't Kelly der mei spul wei rekke wie. Yn 2002 kundige Kelly oan dat de film 100% Jill har lêste optreden as aktrise wêze soe, mar it oare jiers makke se in comeback, en úteinlik wie it pas yn 2006 dat se har foargoed en hielendal út 'e pornoyndustry weromloek.

Mainstream-karriêre

bewurkje seksje

Njonken har pornokarriêre hie Kelly ek ferskate roltsjes yn mainstream-films, te begjinnen mei de aksje-aventoerefilm The Roller Blade Seven, út 1991, fan regisseur Donald G. Jackson en produsint Scott Shaw. Neitiid ferskynde se noch ferskillende oare kearen yn films fan Jackson en Shaw. Ek hie se roltsjes yn 'e komeedzje Orgazmo, fan Matt Stone, út 1997, en yn it sportdrama He Got Game, fan Spike Lee, út 1998.

Priveelibben

bewurkje seksje

Jill Kelly hat teminsten trijeris troud west, alle trije kearen mei kollega-pornoakteurs. Fan 1993 oant 1995 wie se troud mei Cal Jammer; fan 2000 oan 2002 mei Julian; en fan 2003 oant 2004 mei Corey Jordan. Cal Jammer mette Kelley yn 1993 op 'e útrikking fan 'e AVN Awards yn Las Vegas, en se troude in moanne letter al mei him. Yn 1995 skiede se mei him fan tafel en bêd, om't er har ûntrou wie (dat wol sizze, los fan syn porno-optredens). Jammer fette dat net goed op, en die himsels op 'e dyk foar Kelly har hûs mei in fjoerwapen tekoart. Kelly har houliken mei Julian en Jordan einigen allebeide yn in skieding.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 AVN Award wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Tracey Allen, Careena Collins, Felecia en Misty Ryan) Takin' It to the Limit 6: Nastier than Ever
XRCO Award wûn bêste lesbyske sekssêne Takin' It to the Limit 6: Nastier than Ever
wûn publykspriis foar favorite artyste n.f.t.
1997 AVN Award wûn bêste lesbyske sekssêne Dreams of Desire
1998 XRCO Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
1999 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Eric Price) Dream Catcher
2000 XRCO Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2003 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.