Jilt Dijksheide
De Jilt Dijksheide is it iennichst bewarre heidegebiet yn it Westerkertier yn de Nederlânske provinsje Grinslân.
It leit tusken de buorskippen Trimunt en Sethûs oan de eardere tramwei Drachten - Grins. It foarmet tegearre mei de Trimunter ûntginningsbosk in natuergebiet dat beheard wurdt troch Steatsboskbehear. De oerflakte fan de heide beslacht goed 20 hektare. Yn it súdlik part leit in heidedobbe, in pingoruïne.
Ut reden fan de natuerhistoaryske wearde is it gebiet net iepen foar publyk. Fan de Heidewei en it paad oer de âlde trambaan ôf is it fjild lykwols ridlik te oereagjen.