Jim van der Woude
Jim van der Woude (Amsterdam, 6 maart 1948 – dêre, 12 desimber 2023) [1] wie in Nederlânske akteur, dûnser, mimespiler, regisseur, ûntwerper en komyk.
Jim van der Woude | ||
artyst en/of kabaretier | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 6 maart 1948 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 12 desimber 2023 (75 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | akteur, regisseur, komyk, keunstskilder | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan der Woude folge ferskate grafyske opliedingen, mar ûntwikkele him benammen ta akteur. Syn spylstyl ûnderskiedt him troch in sterk gefoel foar absurdisme en in tige fysike útfiering derfan. In typearjende fertoaning wie de 'elastyksêne'. Van der Woude brûkte gewichten dy 't oan syn polzen bûn wiene. Sa sleepte er himsels oer it poadium, fertize yn in elastyk dat syn gesicht ferfoarme. [2][3]
Orkater
bewurkje seksjeHy hearde mei Rob Hauser, Dick Hauser, Eddie B. Wahr, Gerard Atema, Thijs van der Poll, Chris Bolczek, de bruorren Alex van Warmerdam, Marc van Warmerdam en Vincent van Warmerdam en Josée van Iersel ta de muzykteätergroep Hauser Orkater. Dy namme wie in byinoar-lûken fan ORKest, teATER en de nammen fan twa fan de oprjochters. Dy groep, dy't in mingsel fan absurd teäter, bysûndere bylden en eigensinnige popmuzyk makke, hie yn en bûten Nederlân grutte suksessen. Neffens Marc van Warmerdam tanke de groep syn sukses oan de popmuzyk, de teksten fan Alex van Warmerdam en it fysike spyljen fan Van der Woude. [4]
Nei it útienfallen fan Hauser Orkater wie Van der Woude mei Dick Hauser, Ralph Wingers, Loes Luca en Gerard Atema ferbûn oan ien fan de opfolgers fan Hauser Orkater, muzykteäterselskip De Horde.
Carver
bewurkje seksjeYn 1983 makke Van der Woude syn earste teäter-solofoarstelling Kopzeer aan de Waanzee. Dêrnei wie er ferbûn oan ferskate oare teätergroepen. Sa foarme er mei Beppie Melissen, Leny Breederveld en René van 't Hof de teätergroep Carver. Yn 1991 spile dizze de suksesfolle foarstelling Café Lehmitz. Ek dêryn toande Van der Woude him in master yn it bewegingsteäter, lykas ek Van 't Hof, dêr 't er faak in duo mei foarme. [5]
Films
bewurkje seksjeNjonken sy teäterwurk die Van der Woude mei oan films en telefyzjeproduksjes. Hy spile ûnder oare yn de folgjende films: Schone handen (2015, byrol), No Vacancy (koarte film út 2012, haadrol), Morrison krijgt een zusje (2008, bijrol), Muizen (2003, haadrol), Nacht in de stad (tf-film út 2000, haadrol), Colpo di Luna (1995, haadrol), Oh Boy! (1991, haadrol), Prospero's Books (1991, haadrol), Death in the Seine (koarte film út 1990, haadrol), Han de Wit (1990, haadrol), De wisselwachter (1986, haadrol), De illusionist (1983, haadrol), Waarom niet [6] (koarte eineksamenfilm út 1980, haadrol), Striptease [7] (koarte tf-film út 1979, senario; haadrol) en Entrée Brussels (tf-film út 1978, haadrol).
Priveelibben
bewurkje seksjeVan der Woude hie in soad lêst fan stress, wat dat allinnich mar slimmer waard yn de rin fan syn libben. Nei alle gedachten is er dêrom ek ûnferwachts mei syn teäterwurk opholden. Yn 2006 makke er mei Carver ien fan syn lêste foarstellingen, wêrnei 't hy him wer talei op skilderjen.[8]
In skoft foar syn ferstjerren hie er te lijen oan hertproblemen, dy't him úteinlik fataal waarden. Van der Woude stoar yn de âldens fan 75 jier.[2][9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|