Joachim van den Hove
Joachim van den Hove (Antwerpen, 1567 – De Haach, 1620) wie in komponist en lútist yn de Spaanske Nederlannen. Hy skreau wurken foar lút solo en foar lút en sang. Ek makke er in soad bewurkingen (yntavolearingen) foar lút fan Italiaanske, Frânske en Ingelske fokale en ynstrumintale muzyk, en fan Nederlânske en Flaamske folksmuzyk.
Biografy
bewurkje seksjeVan den Hove waard berne yn Antwerpen, yn it hartochdom Brabân yn de Spaanske Nederlannen. Syn heit, Peeter van den Hove, wie dêr in respektearre muzikant. It gesin Van den Hove flechte nei de Fal fan Antwerpen (1585) nei Hollân. De soannen Joachim en Hercules soene beiden lútist yn Leien wurde. Mooglik krigen se les fan de Antwerpse lútspiler Emanuel Adriaenssen. Joachim van den Hove troude yn 1594 mei Anna Rodius (oarspronklik de Roy) fan Utert. [1] Se krigen in ûnbekend oantal bern.
Van den Hove wenne in grut part fan syn libben yn Leien. Hy wie dêr lútist en joech der ek les. Syn bekendste learlingen wiene de jonge Maurits fan Oranje en Frederik Hendrik fan Oranje. Ynearsten wie er suksesfol yn de muzyk en giene de saken goed, mar fan 1610 ôf rûnen syn skulden op. Foardat syn Leidske went yn 1618 iepenbier feild waard, flechte er yn 1616 nei De Haach om syn skuldeaskers te ûntrinnen. Dêr brocht er syn lêste jierren yn earmoed troch.
Van den Hove stoar yn 1620.
Trivia
bewurkje seksjeDe Nederlânske progressive rockgroep Focus brûkte motiven út Van den Hove syn Delitiae Musicae yn it yntro mei deselde namme fan harren album Hamburger Concerto út 1974.
Wurken
bewurkje seksjePublisearre wurk:
- Florida (Utert, 1601)
- Delitiae Musicae (Utert, 1612)
- Praeludia testudinis (Leien, 1616)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|