Joadestraf
De Joadestraf (fan it Dútske Judenstrafe) of it hingjen mei hûnen wie in foar joaden ornearre aparte foarm fan ophinging, nammentlik oan de fuotten mei de holle del, dat sûnder brekken fan de nekke of fersmoaring.
Skiednis
bewurkje seksjeIt omkeard ophingjen, en it hingjen mei hûnen, waard foar it earst dien troch Spaanske Arabieren yn de 9e iuw en om it jier 1000 hinne ek yn Itaalje praktisearre; fan de 13e iuw ôf komt it foar yn Dútslân, mar ek wol yn de Nederlannen.
De oarsprong fan it gebrûk is ûnwis. It wurdt earst yn de lette midsiuwen op joaden tapast, mar wie earder al tige algemien yn Noard-Jeropa. Under de Germanen hie ophingjen in sakraal karakter. De hûnen wiene dêrby offers oan de Germaansk god Odin, de bisten wiene nammentlik hillich by de Germanen. Folle letter, troch de ynfloed fan it kristendom, [1] waard sa'n straf ta ûneare fan de feroardielde.
Praktyk
bewurkje seksjeIn joadske feroardielde waard oan de fuotten ophong, faak mei twa hûnen. At it slachtoffer him dochs noch ta it kristendom bekeare, waard er fan de galge helle en nei in flugge doop en oare religieuze hannelingen oan de hals ophinge.
De Italjaanske ôffurdige Andrea Gattaro dy't yn Bazel wie foar in konferinsje jout details fan in troch him bywenne Joadske eksekúsje. In de 17e iuw kaam in ein oan dy, doe ek al âlfrinzige, foarm fan terjochtstellen.
Literatuer
bewurkje seksje- Johann Stumpf: Schwytzer Chronika. 1554.
- Johann Stumpf: Gemeiner loblicher Eydgnoschafft Stetten, Landen und Voelckeren Chronick wirdiger thaaten Beschreybung. 1586.
- Karl von Amira: Die germanischen Todesstrafen. Untersuchungen zur Rechts- und Religionsgeschichte. Verlag der Bayerischen Akademie der Wissenschaften u. a., München 1922 (Abhandlungen der Bayerischen Akademie der Wissenschaften – Philosophisch-philologische und historische Klasse 31, Abh. 3).
- Rudolf Glanz: The „Jewish Execution“ in Medieval Germany. Conference on Jewish Relations, New York NY 1943.
- Guido Kisch: The „Jewish Execution“ in Medieval Germany and the Reception of Roman Law. Yn: Guido Kisch: Ausgewählte Schriften. Bân 2: Forschungen zur Rechts-, Wirtschafts- und Sozialgeschichte der Juden. Thorbecke, Sigmaringen 1979, ISBN 3-7995-6016-5, S. 165–193.
- Wolfgang Schild: Die Geschichte der Gerichtsbarkeit. Vom Gottesurteil bis zum Beginn der modernen Rechtsprechung. 1000 Jahre Grausamkeit. Hintergründe, Urteile, Aberglaube, Hexen, Folter, Tod. Lizenzausgabe. Nikol Verlagsgesellschaft, Hamburch 1997, ISBN 3-930656-74-4.
- Kenneth Stow: Jewish Dogs. An Image and Its Interpreters. Continuity in the Catholic-Jewish encounter. Stanford University Press, Stanford CA 2006, ISBN 0-8047-5281-8.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |