Joadsk Monumint (Drachten)

It Joadsk Monumint yn Drachten (gemeente Smellingerlân) is in graniten skulptuer, dy't út 14 ôfkapte pylderkes fan ûngelikense lingte bestiet. Eltse pylder hat de namme fan in Joadsk oarlochsslachtoffer en in goudkleurige davidstjer.

De ôfkappe pylders symboalisearje de ôfbrutsen libbens fan 14 Joadske ynwenners fan Drachten dy't yn de Twadde Wrâldkriich ombrocht binne. De ferskillende lingtes jouwe de âldens fan de slachtoffers oan. De pylders sitte deun tsjin elkoar oan om út te drukken dat de slachtoffers yn de konsintraasjekampen steun by elkoar sochten.

It ûntwerp is fan sjoernalist Hotze Rusticus (Ljouwert, 1927) en is útfierd troch stienhouwerij Cuperus út Drachten. It monumint stiet yn it Van Haersmapark oan de Stasjonswei yn Drachten. It is op 19 april 2001 ûntbleate troch Herman Zilverberg, in oerlibbene fan mear as ien konsintraasjekampen.[1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joods monument Drachten: Geschiedenis