Jodokustsjerke (Oosterland)
De Jodokustsjerke is in letgoatyske protestantske tsjerke yn it Siuwske doarp Oosterland. Fan 'e midsiuwske tsjerke bleau allinne it eksterieur fan it koer yn 'e orizjinele steat bewarre.
Jodokustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
gemeente | Schouwen-Duiveland | |
plak | 4307 AB Oosterland | |
adres | Torenplein 1 | |
koördinaten | 51° 38'N 4° 02'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Jodokus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 14160 (tsjerke) | |
Webside | ||
Side fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe oant de reformaasje oan de hillige Jodokus wijde tsjerke yn Oosterland waard yn 'e twadde helte fan 'e 14e iuw boud. Fan dy tiid datearret noch de tsjintwurdich frijsteande sealtektoer. Tsjin it ein fan 'e 15e iuw waard it trije traveeën tellende letgoatyske koer mei in 5/8 ôfsluting boud.
Yn 1612 waard it doarp pleage troch in tige slimme doarpsbrân. Dêrby rekke ek it tsjerkeskip sa slim skeind, dat werbou net mooglik wie. Tenei brûkte de gemeente foar de tsjerketsjinst it koer dat de brân oerlibbe hie. Yn 'e 19e iuw moast it koer op it plak fan it eardere dwersskip oan 'e westlike kant mei twa traveeën langer makke wurde. Boppedat bouden se yn 1880 tusken it koer en de toer in skoallegebou, dat sûnt 1904 as gemeentehûs brûkt waard.
De Twadde Wrâldkriich brocht benammen oan 'e toer nije skea. Yn 'e jierren 1949-1950 folge de renovaasje fan it gebou.
Hjoed-de-dei heart de tsjerke ta de herfoarme gemeente, dy't oansletten is by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
Oargel
bewurkje seksjeIt tsjerke-oargel waard yn 1905 troch Jan van Gelder út Leien boud. It sleeplade-oargel bleau foar in grut part bewarre. It hat 8 registers op ien manuaal (C–f3: Bourdon 16′, Prestant 8′, Holpijp 8′, Gamba 8′, Celeste 8′, Octaaf 4′, Piccolo 2′, Mixtuur III-V). It pedaal (C–d1) is oanhongen en de spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Literatuer
bewurkje seksje- Peter Don: Kunstreisboek Zeeland, ISBN 9789060912485
- Carel van Gestel: Van Kerk naar Kerk. Schouwen-Duiveland/Tholen ISBN 9789078202639
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint Jodokustsjerke fan Wikimedia Commons. |