Joep van Deudekom

Joep A. van Deudekom (Amsterdam, 28 maart 1960) is in Nederlânsk kabaretier, kollumnist en tillefyzjepresintator. Hy docht ûnder mear mei oan kabaretploch Niet Uit Het Raam en teätergroep De Ploeg.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Nei itvwo gie hy nei de sportakademy wêr't hy Peter Heerschop kennen learde. Se rekken goed befreone. Hoewol't Van Deudekom earst noch keas foar in baan as gymnastyklearaar, doe Nederlânsk rjocht sudearre oan de Universiteit fan Amsterdam en dosint privaatrjocht oan de Hegeskoalle Alkmaar waard, begûn hy oan de ein fan de tachtiger jierren mei Peter Heerschop en Viggo Waas kabaretgroep NUHR. Yn it begjin kombinearre hy dit noch mei lesjaan.

Mei syn kollega's fan NUHR die hy jierrenlang de radiosketches by Spijkers met Koppen. Yn 1994 kaam syn telefyzjetrochbraak, doe't hy foar de VARA in 13-dielige bernesearje mei NUHR makke ûnder de titel Het leven is...; dêrnei fersoarge hy alle wiken in sketch yn it programma Plein 1 en letter Bij ons Thuis. Ek wie hy as tekstskriuwer ferbûn oan Ook dat nog!. Oare telefyzjebydragen wienen foar it berneprogramma Familie Van de Ploeg, NUHR-tv, Mannen voor vrouwen en Kopspijkers. Hy komponearre bûten muzyk foar NUHR ûnder oare de soundtrack foar Lef en de Familie van de Ploeg. Mei NUHR makke hy in fjouwertal cd's: NUHR zingen, NUHR luisteren, Alle 13 NUHR en Langzaam Genieten. Yn 2004 wurke hy tydlik foar it AVRO-programma Koefnoen. Neist syn wurksumheden by NUHR en de Familie Van de Ploeg hat hy alle tiisdeis in radiokollumn (de Joep van Deudecolumn) by Giel Beelen op 3FM. Faak is hy bernynstekker by Praatjesmakers fan Jochem van Gelder.

Ek die hy wurk as presintator foar it VARA-programma Onder de tram. Dit programma, dat Van Deudekom tegearre mei Rob Urgert presentearret is fan it seizoen 2007 ôf te sjen by Net5, ûnder de titel "Tussen de oren".

Van Deudekom is troud en hat twa bern.

Healwei 2007 kaam it earste boek fan Van Deudekom uit. Yn Het perfecte cadeau binne de bêste radiokollumns fan Van Deudekom bondele. It foarwurd is skreaun troch Giel Beelen. Wyls is ek it boek "Het Perfecte Reisverhaal" fan him ferskynd.

Filmografy bewurkje seksje

Telefyzjerigen en films bewurkje seksje

  • Familie van der Ploeg (2002) - Buck
  • Oesters van Nam Kee (2002) - kaaimakker
  • Russen (2002; ôfl. Pompeï) - opsjenner
  • Koefnoen (2004) - ferskate rollen
  • Baantjer (2004; ôfl. De Cock en de moord op afstand) - Gerard van Putten
  • Gooische Vrouwen (2007; seizoen 3 ôfl. 2) - preester
  • Alles is Liefde (2007) - tf-presintator
  • Mannen van een zekere leeftijd (2012) - himsels
  • Wie is de Mol? (2013) - Dielnimmer
  • Het Eerlijke Verhaal, âldjierskonferênse 2012 tegearre mei Erik van Muiswinkel e.o.. Factchecker mei Rob Urgert.(2012)
  • Pavlov, afl fitness (2012)
  • Pau!l, de Kwis (2011-2012)
  • Langs de Leeuw, De Kwis (2012-2013)
  • De Kwis, (2013-no)

As presintator bewurkje seksje

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

  • Niet Uit Het Raam zingen (eigen behear, 1994; mei Niet Uit Het Raam (NUHR)
  • Niet Uit Het Raam luisteren (eigen behear, 1996; mei Niet Uit Het Raam)
  • Alle dertien NUHR (Oorwoud, 1998; mei NUHR)
  • Zinloos genieten (SML, 2002; mei NUHR)

Singles bewurkje seksje

  • Dromen (2000) mei NUHR
  • I wanna be a one day fly (2000) mei One Day Fly

Boeken bewurkje seksje

Ferhalebondels bewurkje seksje

  • Het perfecte cadeau (Thomas Rap, 2006; kollumns)
  • Het perfecte reisverhaal (Thomas Rap, 2007; koarte ferhalen)
  • Echt een aanrader (Joep van Deudekom, 2012 oer himsels)
  • Vind ik leuk (Nijgh & Van Ditmar, 2011; kollumns)

Populêr wittenskiplik bewurkje seksje

Dizze boeken hat Van Deudekom tegearre mei Rob Urgert skreaun.

  • Waarom zit IK niet in Oranje? (Nijgh & Van Ditmar, 2010)
  • Hoe word ik succesvoller dan mijn collega's? (Nijgh & Van Ditmar, 2010)

Jeugdboeken bewurkje seksje

  • Het mysterie Onder de middenstip (Utjouwerij Leopold, 2011)
  • De beslissende sliding (Utjouwerij Leopold, 2012)
  • 10 tegen 1 (Utjouwerij Leopold, 2013)
  • Buitenspel in Rio (Utjouwerij Leopold, april 2014)
  • "De B@nd grijpt in"

Keppeling om utens bewurkje seksje