Uitgeverij Leopold

(Trochferwiisd fan Utjouwerij Leopold)

Uitgeverij Leopold is in Nederlânske útjouwerij dy't fêstige is yn Amsterdam. It bedriuw waard yn 1923 oprjochte en is benammen bekend as útjouwerij fan berne- en jongereinboeken.

Uitgeverij Leopold
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Amsterdam
oprjochte 1923
oprjochter H.P. Leopold
mem WPG Uitgevers
offisjele webside
www.leopold.nl

Uitgeverij Leopold waard yn 1923 oprjochte troch H.P. Leopold, de eigner fan it wykblêd Haagse Post. De earste útjefte wie de roman Oostwaarts, fan Louis Couperus. It earste jeugdboek dat by Leopold ferskynde, wie De Scheepjongens van Bontekoe, fan Johan Fabricius, dat yn 1924 útkaam, en dat in wiere klassiker waard, wêrfan't yn 2011 de 33e printinge ferskynde.

It wie lykwols pas yn 'e 1950-er jierren dat Uitgeverij Leopold him ûntjoech ta in útjouwerij dy't spesjalisearre wie yn it publisearjen fan berneboeken en jongereinliteratuer, mei auteurs as Miep Diekmann, Tonke Dragt en Burny Bos. Letter kamen dêr û.o. Selma Noort, Ted van Lieshout en Max Velthuijs by. Tsjintwurdich hat Leopold in fûnskatalogus mei wurken fan sa'n hûndertfyftich skriuwers en printeboekmakkers, ûnder wa Paul van Loon, Harmen van Straaten, Jochem Myjer, Rindert Kromhout, Annemarie van Haeringen, Hans Kuyper en Lydia Rood.

Ien fan 'e súksesfolste útjeften fan Uitgeverij Leopold wie De Brief voor de Koning, fan Tonke Dragt, dat yn 2004 de Griffel der Griffels wûn. Leopold bringt fierders ek de bekende boekerigen út oer Kikker, Muis en Dolfje Weerwolfje. De útjouwerij is in dochterûndernimming fan WPG Uitgevers, dêr't ek de jongereinliteratuerútjouwerijen Uitgeverij Ploegsma, Uitgeverij Condor en Uitgeverij Zwijsen ta hearre.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: