Johan Schulenborgh

Johan Schulenborgh († 1692) wie in Grinzer regint, politikus, in gewikst jurist, diplomaat, en deputearre fan de Steaten-Generaal.

Yn 1654 en yn 1661 wie hy belutsen by ûnderhannelingen yn Maastricht mei Spanje oer Overmaze en oer de Iems mei George Kristiaan fan Eastfryslân.

Op syn thúsbasis fersette hy him tsjin de stedspolity, dy't ferordonearre dat alle guod út de Ommelannen ferhannele waard yn de stêd. Schulenborgh keas foar in goede ferstânhâlding mei de Ommelannen, dêr't de stêd Grins fan ôfhinklik wie. Yn 1662 ferlear hy syn sit yn de froedskip neidat hy beskuldige wie fan it oannimmen fan jildlike stipe troch Portegal, oer in frede. In betiging fanwege fertsjustering fan jild bleau ûnbewiisd. Syn grutste fijân wie de prinsgesinde Jan Osebrand Rengers.

In wiidweidige ferdigening, skreaun troch Johan de Witt koe him net rêde, syn guod waard yn beslach nomd en syn meistanners waarden ta de dea feroardiele op de Grutte Merk.

Schulenborgh besocht fia de gilden syn sit werom te winnen. Der brutsen rellen út en omdat de steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz mei syn leger ferskynde. Hy lechte nei in mislearre poging ta arrestaasje yn 1663 de stêd út yn frouljusklean. Oer Bremen bedarre hy yn Munster by biskop Bearend fan Galen en joech in pamflet út ta ferdigening.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: