Johannes Coccejus

Johannes Coccejus (feitlik Johannes Coch) (Bremen, 9 augustus 1603 - Leien, 5 novimber 1669) wie in teolooch en filolooch dy't in wichtige rol spile yn it grifformeard-protestantisme fan de 17e iuw. Coccius is fral ferneamd fanwege it skeel mei Voetius oer de ferbûnsslear en de sabbat. Dit konflikt ferdielde de grifformearde tsjerke oant fier yn de 18e iuw yn de partij Coccejanen en Voetianen.

Portret van Johannes Coccejus, 1715

As soan fan de Bremer Stadtsecretär Timan Coch gie er nei it Gymnasium Illustre (Latynske skoalle). Yn 1625 gie er nei Hamburch dêr't er him fierder ferdjippe yn de Rabbynse geskriften. Septimber 1626 waard er, "om it rûge libben oan de Dútske universiteiten te ûntflechtsjen" studint yn Frjentsjer dêr't er kolleezje folge by ûnder oaren Johannes Maccovius en Guilielmus Amesius (William Ames).

  • Summa doctrinae de foedere et testamento Dei, 1648 (Wersjoen yn 1654 en 1660)
  • Summa theologiae ex sacris scripturis repetita, 1662 (werprinte yn 1665)
  • Lexicon et commentarius sermonis hebraici et chaldaici, 1669
  • Explicatio catecheseos Heydelbergensis, 1671

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Heiner Faulenbach: Coccejus, Johannes. Yn: Theologische Realenzyklopädie 8 (1981), Side 132-140
  • Reinhard Breymayer: Auktionskataloge deutscher Pietistenbibliotheken. Die beiden neuentdeckten Auktionskataloge für die Privatbibliothek des Vorpietisten Johannes Coccejus, des bedeutendsten reformierten Theologen des 17. Jahrhunderts. [...] Yn: Bücherkataloge als buchgeschichtliche Quellen in der frühen Neuzeit. Opnij útjûn troch Reinhard Wittmann. Harrassowitz, Wiesbaden 1985 (Wolfenbütteler Schriften zur Geschichte des Buchwesens, Bd. 10), Side 113-208.