Johannes Immerzeel
Johannes Immerzeel Jr. (Doardt, 2 july 1776 – Amsterdam, 9 juny 1841) wie in Nederlânsk skriuwer en dichter, teffens boekhanneler en útjouwer. Hy wie de tredde soan fan keapman Johannes Immerzeel Sr. (1746-1821) en Elizabeth Steenbus (1739-1804).
Johannes Immerzeel | ||
skriuwer | ||
Portret fan Johannes Immerzeel Jr., fan H. Breukelaar jr./P. Velyn (1845) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 july 1776 | |
berteplak | Doardt | |
stoarn | 9 juny 1841 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
bekendste wurk(en) |
De Levens en werken der Hollandsche en Vlaamsche kunstschilders, beeldhouwers, graveurs en bouwmeesters van het begin der 15de tot op de helft der 19de eeuw.. ensafh. |
Biografy
bewurkje seksjeJohannes krige teken- en skilderles fan Pieter Hofman (1755-1837), mar hy moast syn ropping oerjaan fanwegen syn minne eagen. As autodidakt hie er ferskate talen yn de macht en wijde er him oan muzyk en poëzy.
Yn 1795 waard er siktaris by de Kriichsried in Doardt. Yn 1800 ferhuze er mei syn oarehelte Adelaïde Louise Françoise Charlotte Cera (1781-1850) nei De Haach. Dêr waard er amtner yn tsjinst fan de Bataafsche Republiek. Hy publisearre ek gedichten. Yn 1804 begûn er in boekhannel en útjouwerij, dy't er tegearre mei de dokter J.L. Kesteloot útwreide nei Rotterdam (1813) en Amsterdam (1819). Hy wie aktyf as keunsthanneler.
Njonken syn eige wurk wurk joech ek dat fan Willem Bilderdijk, Rhijnvis Feith en Jan Frederik Helmers út. Yn 1832 sette er him nei wenjen yn Amsterdam. Dêr hat er ûnder mear krewearre foar it oprjochtsjen fan in stânbyld foar Rembrandt, dat pas 11 jier nei syn dea ûntfâlde waard.
Fan 1819 oant syn dea wie Immerzeel redakteur, meiwurker, ûntwerper en útjouwer fan de Nederlandsche Muzen-Almanak, yn de 19e iuw de wichtichste literêre almanak. Hy wie in freon fan Hendrik Tollens; de 234 brieven fan Tollens oan Immerzeel hat de Keninklike Bibleteek yn De Haach op 'e noed. Dêr wurde ek de 243 brieven fan Bilderdijk oan syn útjouwer bewarre.
Acht dagen nei syn dea wie de jierlikske gearkomst fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde. Foarsitter M. Siegenbeek betocht Immerzeel mei in pear wurden, mar moast tajaan dat er net by steat west wie om "(…) de noodige berigten tot eene breedere uitweiding over 's mans verdiensten in te zamelen (…)".
Immerzeel en de frou krigen njoggen bern. Pieter Immerzeel (1773-1840), syn âldere broer wie pleatslik bekend as Nederdútsk gelegenheidsdichter.
Libbenswurk
bewurkje seksjeYn 1835 sette er út ein mei syn magnum opus, in neislachwurk oer it libben en wurk fan de Hollânske en Flaamske skilders, byldhouwers, graveurs en boumasters fan 1500 oant 1850. Hy ferwurke besteande biografyen, mar brûkte ek manuskripten en dokuminten dy't noch net publisearre wiene. Fan de wurken fermelde er it plak dêr't se bewarre waarden en faak ek de priis, op grûn fan gegevens fan feilingen en ynventarislisten. Doe't er yn 1841 weirekke, waard it wurk dien makke troch syn soannen Charles Henri (1803-1878) en Christiaan (1808-1886), in skilder. Yn 1842 en 1843 ferskynden de trije dielen.
It wurk waard tusken 1857-1864 oanpast en oanfold troch Christiaan Kramm.
Literatuer
bewurkje seksje- B.P.M. Dongelmans, Johannes Immerzeel junior (1776-1841). Het bedrijf van een uitgever-boekhandelaar in de eerste helft van de negentiende eeuw. Ernst & Co., Amstelveen 1992. ISBN 90-73707-03-X. Online: DBNL
- H.J. Eijssens, De literaire almanak als standmeter van de Nederlandse poëzie. Gedemonstreerd aan de Nederlandsche Muzen-Almanak (1819-1840). Proefskrift Universiteit fan Amsterdam, Amsterdam 2016. ISBN 978-90-825660-0-0