Johannes Mecima
Johannes Mecima (Harns?, ? – ?, ?) wie in apteker-drogist en sûkelarjefabrikant yn Harns om 1770-1790 hinne.
Undernimmer
bewurkje seksjeHy ûntfong op 10 maart 1775 ferlinging fan oktroai foar 30 jier foar in terpentynstokerij en harsmakkerij. Teffens sette er útein mei twa fabriken foar de raffinaazje fan swevel en salpeter, dat er ferkocht yn de foarm fan pipen, bôlen, kristallen, en fynmeald. Op 28 maart 1782 waard him oktroai ferliend om mei Menno Vink in feartsjinst te begjinnen fan Harns nei Grins.
Mecima wie yn 1773-1774 en 1775-1777 belutsen by it stedsbestjoer.[1]
Op 19 jannewaris 1791 fernijden de kuratoaren fan syn bern dat it fabryk oergien wie op de Fa. M. Vink en W. de Boer.
Oefener
bewurkje seksjeMecima wie ek dwaande mei striidskriuwerij, benammen yn 1787 en 1788 tsjin wat neffens him 'sleau kristendom' wie, en tsjin patriotten. Hy wie in tige earnstige, 'fine' oefener dy't mei de Ofskieding fan 1834 tarette.
Wurk
bewurkje seksjeYn 1787 en 1788 ferskynden fan him de neikommende geskriften:
- Brief aan alle vroome en getrouwe in den Lande, bijzonder in Friesland; aan Helhond de Geer in dato 18 Sept. 1787 over het aanhouden van mijn bedienden;
- De doot in de pot of aanspraak aan drie Gereformeerde predikanten, de heeren G. Lemke, Joh. van Assen en A.R. Mentes tot Harlingen;
- Opwekkelijke reize na den zaligen hemel van den Wel Eerw. heer Theodorus van Bokkel;
- Lof en beloften der Jooden in deeze booze dagen in de zeven provintien tot aan de einden der aarde;
- Afschriklijke reize na de rampzalige hel eens moetwilligen godloozen of zoogezegde patriot
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Mecima, Johannes.
|