Johannes Veltdriel

Johannes Petri Veltdriel wie in politikus út de earste helte fan de 17e iuw.

As boargemaster fan Dokkum waard hy troch de Steaten fan Fryslân nei de Steaten-Generaal ta stjoerd om diel te nimmen oan in gesantskip nei Moskoovje (1630). Yn 1640 wurke hy Freark Hindrik fan Oranje-Nassau yn Fryslân tsjin. By Willem Freark fan Nassau-Dietz bepleite hy yn 1644/1645 help oan Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: