Johannes van Melle

Johannes van Melle (Goes, 11 febrewaris 1887 - Johannesburg, 8 novimber 1953), wie in Nederlânsk en Súdafrikaansk skriuwer. Syn skriuwersnamme wie John van Melle.

Johannes van Melle om 1950 hinne

Van Melle ferfear yn 1906 nei Súd-Afrika nei in koart skof yn Nederlânsk-Ynje wenne te hawwen en krige yn 1913 permaninte ferbliuwsfergunning. Hy wie ûnderwizer oan ferskate plattelânsskoallen. Hy skreau yn 't earstoan yn 't Nederlânsk, mar publisearre letter yn it hieltyd populêrder wurdend Afrikaansk.

Syn bekendste boek Bart Nel, is in klassiker fan de Afrikaanske letterkunde. It boek ferhellet fan in boer mei in net te temjen geast dy't oer de ferwoasting en it ferlies fan syn pleats yn de oarloch hinne komt, en dy't troch syn frou en bern ferlitten wurdt.

  • Dawid Booysen (1933) roman
  • Het stadje op 't groene eiland (1934) koarte ferhalen oer Seelân
  • Gedichten (1935),
  • Bart Nel, de opstandeling (1936)
  • Die huwelik van Pop le Roux (1935) toanielstik
  • Wraak (1937) toanielstik
  • Paaie wat wegraak(1941)
  • En ek is nog hy (1942) Afrikaanske bewurking fan 'Bart Nel'
  • Die simboliek van die openbaring van Johannes (1942)
  • Die profesieë van Daniël (1942)
  • Begeestering (1943) novellebondel
  • Denker, kom kyk! (1944)
  • Die profesieë van Esegiël (1945)
  • Die profesieë van Jesaja (1945)
  • Die profesieë van Sagaria (1947)
  • Saad wat opkom (1947)
  • Die simboliese getalle van die Bybel (1947)

Keppeling om utens

bewurkje seksje