John Balleny
John Balleny (Northumberland, 1770 - Yndia, 1857) wie de Ingelsk kaptein fan de skoender Eliza Scott, dy't yn 1838-1839 in ferkenninsgtocht foar de Ingelske walfiskfardersfirma Samuel Enderby & Sons nei Antarktika late.
Balleny, beselskippe fan Thomas Freeman en de Sabrina, sylde de Súdlike Oseaan yn oer, likernôch, lingtegraad 175°E. besuden Nij-Seelân. Beide skippen brieken in ein troch it pakiis dat it súdlik kontinint omslút, ûntdutsen de Balleny-eilannen yn febrearis 1839 en krigen in glimpke fan Antarktika sels te sjen op 64°58'S., 121°08'E.
It 'Ballenypaad' troch de Súdlike Oseaan soe letter brûkt wurde troch ûntdekkingsreizgers as Robert Scott, Ernest Shackleton, Roald Amundsen en Richard Byrd en wurdt no noch brûkt troch skippen foar de befoarieding fan it McMurdostasjon en oare wittenskiplike bases yn en om de Ross-see.
Balleny stoar by it fergean fan de bark Acasta yn stoarmwaar yn oktober 1842 foar de noardeastkust fan Yndia ûnder de stêd Kuttak.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|