John William Waterhouse
John William Waterhouse (Rome, 6 april 1849 – Londen, 10 febrewaris 1917) wie in Ingelsk keunstskilder, lykas syn heit. Waterhouse wurdt ta de Prerafaeliten rekkene.
Nei de middelbere skoalle yn Leeds waard er learling byldhouwe oan de Royal Academy of Arts yn Londen. Al nei in heal jier hâlde er dêrmei op om selsstannich oan de gong te gean, hy wie fral skilder. Hy wurke yn Londen yn de Primrose Hill Studios yn de wyk Kensington mar wenne in pear kilometer fierderop oan de Abbey Road. Hy skildere it leafst mytologyske foarstellingen.
Waterhouse krige in protte wurdearring mei syn kleurige, laden ôfbyldingen fan froulju, sawol yn it Britske Ryk as op de Wrâldtentoanstellingen yn de 19e iuw. Ynsipraasje helle Waterhouse út it wurk fan skriuwers sa as Ovidius, Keats, Boccaccio, Shakespeare, Tennyson en Dante. Faak wie dat it opstekken fan de loftrompet út syn hertstocht foar froulju, wetter, natuer, leafde en dea wei, faak mei in tsjustere ûndertoan.
Oer Waterhouse is fierders net folle witten.
Syn ferneamde skilderij The Lady of Shalott, is te sjen yn de Tate Gallery yn Londen.
De útstalling J.W. Waterhouse (1849-1917), Betoverd door Vrouwen wie fan 14 desimber 2008 oant en mei 3 maaie 2009 yn it Grinzer Museum yn Grins.
GaleryBewurkje
Totaal makke Waterhouse 118 skilderijen, in karút:
1870 oant 1880Bewurkje
1880 oant 1890Bewurkje
Saint Eulalia
1885Magic Circle
1886
1890 oant 1900Bewurkje
Circe Offering the Cup to Odysseus
1891Ulysses and the Sirens
1891Danaë
1892Circe Invidiosa
1892The Lady of Shalott Looking at Lancelot
1894Ophelia
1894Saint Cecilia
1895Pandora
1896Juliet
1898
1900 oant 1910Bewurkje
Boreas
1903
Fan 1910 ôfBewurkje
Keppelings om utensBewurkje
- (in) Webside oer Waterhouse
- John William Waterhouse.net mei sa'n 200 skilderijen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John William Waterhouse fan Wikimedia Commons. |