Johanna Maria (Joke) Bruijs (Rotterdam, 14 jannewaris 1952) is in Nederlânsk aktrise, sjongster en komediënne.

Joke Bruijs
Joke Bruijs op de set fan Toen was geluk heel gewoon, 1993
Joke Bruijs op de set fan Toen was geluk heel gewoon, 1993
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Maria Bruijs
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 14 jannewaris 1952
berteplak Rotterdam
wurkpaad
berop/amt Sjongster, aktrise
jierren aktyf 1966-no
prizen Erasmusspjelde
Joke Bruijs op it Nasjonaal Sjongfestival 1970
Fred Oster, Pim Jacobs, Joke Bruys, Gerard Cox & Patricia Paay yn de Wiekentkwis, 1982

Joke Bruijs komt út in muzikale famylje; heit Kees siet by The Four Dutch Serenaders tegearre mei Johnny Hoes. Yn 1966 kaam se as sjongster by de Rotterdamske popgroep The Spitfires (letter The Nazz hjitten), mar gie dêr by wei yn 1968 mei't se op har 15e yn tsjinst kaam wie by it Vara-dûnsorkest. Se song dêrnei ek foar radio-orkesten lykas de Skymasters en de Ramblers.

Bruijs stie al rillegau en as sjongster en aktrise yn it teater, ûnder oare yn kabaretfoarstellingen mei Jan Blaaser, Don Quishocking, Mini & Maxi en De Mounties, mei wa't hja ûnder mear yn de klucht Drie in de pan spile. Se spile en song ek yn musicals lykas Kaat Mossel en Mooi Katendrecht. Yn 2005 die Bruijs noch mei André van Duin syn jubileum-teätershow.

Yn 1970 wie Bruijs dielnimmer oan it Nasjonaal Songfestival 1970 mei it lietsje Okido en waard fjirde.

Joke Bruijs spile tegearre mei har eks-man Gerard Cox yn de rige Vreemde praktijken en yn de searje Toen was geluk heel gewoon fan 1994 oant 2009.

Tusken 2009 en 2011 spile Bruijs mey yn de soapsearje Goede tijden, slechte tijden as Maria de Jong. Maria is de mem fan Rik de Jong (Ferri Somogyi) en Danny de Jong (Jan Kooijman) dy't yn Kanada wennet. Bruijs naam dy rol oer fan aktrise Janine Veeren dy't it personaazje yn 1996 en 1997 fertolke.

Yn oktober 2022 makke Bruijs buorkundich dat se mei pensjoen gie. Se hold op mei sjongen en grutte rollen fanwegen kognitive beheining, mei as gefolch ferjitlikens.[1] Har lêste grutte rol wie dy fan Pleun yn de romantyske komeedzje Casa Coco.

Underskieding

bewurkje seksje

Yn 2003 krige Joke Bruijs fanwegen har fertsjinsten op it mêd fan kultuer de Erasmusspjelde fan de stêd Rotterdam.

  • Ben Valkhoff, Joke Bruijs, swingend door het leven. Rotterdam: Trichis, 2012

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joke Bruijs doet het rustiger aan vanwege geheugenproblemen. Eindhovens Dagblad.nl, 19 april 2023. Rieplachte 19 april 2023.