Jonestown (Guyana)

Jonestown wie in delsetting yn 't oerwâld fan Noardwest-Guyana, ôfsletten fan 'e rest fan 'e wrâld. It waard yn 1977 boud ûnder lieding fan Jim Jones, dy't de leden fan syn sekte, People's Temple, hjirta twong. Jonestown waard ynternasjonaal ferneamd, doe't op 18 novimber 1978 mear as 900 minsken om it libben kamen yn 'e delsetting, op 'e tichteby lizzende lâningsbaan yn Port Kaituma en yn Georgetown, de haadstêd fan Guyana. De namme Jonestown is ynherint wurden oan 'e ynsidinten dy't dêr plakfûn hawwe.

Jonestown yn 1979

In totaal fan 909 Amerikanen stoar yn Jonestown, fan wa 907 troch syanide-fergiftiging. Dy praktyk waard troch Jones en inkelde oanhingers "revolúsjonêre selsmoard" neamd. De fergiftigings yn 'e delsetting waarden útfiert nei't fiif oaren by Port Kaituma fermoarde wienen, ûnder wa kongresman Leo Ryan. Fjouwer oare leden fan 'e sekte kamen om yn Georgetown op befel fan Jones.