Georgetown (Guyana)

Georgetown is de haadstêd fan it Súd-Amearikaanske lân Guyana. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan oan de mûning fan de rivier Demerara.

Georgetown
Regearingsgebou
Regearingsgebou
Bestjoer
Lân Guyana
Regio Demerara-Mahaica
Boargemaster Hamilton Greene
Sifers
Ynwennertal 239.227 (2009)
Oerflak 51,8 km²
Stêdekloft 354.964; 147,6 km²
Hichte 0 m
Oar
Stifting 1781
Tiidsône UTC-4
Koördinaten
Lizzing Georgetown yn Guyana

Fia de haven fan Georgetown wurdt ûnder oaren goud, sûker, rys en bauksyt útfierd. Georgetown hat in universteit, UG University of Guyana. Yn it stedsdiel Bourda, dêr't ek it krikket-stadion leit, is it Guyana Zoological Park festige, dat 1 jannewaris 1952 iepene waard. Fanâlds hie de stêd meast houten gebouwen; dêr binne noch moaie eksimplaren fan oer.

Op it elantsje Borselen yn de rivier Demerary wie al in Nederlânske delsetting, haadplak fan de koloanje. Under de Ingelsen waard in oare delsetting stifte yn 1781, lizzend tusken de plantaazjes Werk-en-rust en Vlissingen. Georgetown is fierder ûntwikkele ûnder de Frânske besetting fan de koloanje Essequibo en Demerara, fan 1781 oant 1784, en hjitte doe Longchamps. Nei it weromjaan fan de koloanje oan de Nederlanners waard de stêd omdoopt yn Stabroek, nei Nicolaes Geelvinck (1732 — 1787), Hear fan Stabroek, dy't opperbewâldhawwer fan de West-Yndyske Kompanjy wie.
De koloanje Essequibo en Demerara waard fan 1796 oant 1802 en letter fan 1803 oant 1814 beset troch Britske troepen. Yn 1812 krige de stêd de namme dy't se no hat, Georgetown, neamd nei de Britske kening George III. Yn 1814 waarden de koloniën offisjeel oerdroegen oan it Feriene Keninkryk.

Yn it Georgetown fan no binne noch ferwizingen nei de eardere Flaamske nammen te finen. Sa hjit de grutte merk by de haven Stabroek Market, en is der in deiblêd The Stabroek News.

Berne yn Georgetown

bewurkje seksje