Demerara (rivier)
(Trochferwiisd fan Demarary (rivier))
Demerara is in rivier yn it easten fan Guyana en is sa'n 346 km lang. De rivier ûntspringt yn it tropysk reinwâld en mûnet út yn de Atlantyske Oseaan.
De haadstêd Georgetown, leit op de lofterigge fan de rivier. De rivier is ien fan de wichtichste ferkearsieren fan it lân en is oant 245 streamop befarber. De eilannen Inver, Borselem en Biesen lizze 18 oant 25 km fan de mûning ôf. Borselem (Borsele) wie ea it plak dêr't it haadplak fan de Nederlânske koloanje Demerary lei.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Demerara River fan Wikimedia Commons. |