Joop Doevendans
Joop Doevendans (Snits, 16 maaie 1928 – dêre, 15 septimber 2018) wie in Frysk útjouwer en bestjoerder út Snits.
Joop Doevendans | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Joop Doevendans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 maaie 1928 | |
berteplak | Snits | |
stoarn | 15 septimber 2018 | |
stjerplak | Snits | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer | |
aktyf as | bestjoerder | |
jierren aktyf | 1948 – 2018 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDoevendans waard yn 1928 berne yn 'e Fryske stêd Snits. Hy wie in echte Snitser, dy't yn syn wenplak meitiid bekend kaam te stean as 'ome Joop' en as 'Doefke'. Hy wurke lange tiid as mei-útjouwer fan it Snitser Nijsblêd en wie as frijwilliger aktyf yn it bestjoer fan in breed ferskaat oan maatskiplike organisaasjes.
Sa siet Doevendans yn it bestjoer fan 'e Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS), de organisaasje efter û.m. de Snitswike. Hy wie inisjatyfnimmer fan 'e jierlikse floatskou ûnder de Snitswike, en ek fan 'e lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Snits, yn 2005. Fierders wied er ek belutsen by de ynstânsje Sneek Promotion en by it SKS-skûtsjesilen.
Foar syn fertsjinsten krige Doevendans yn 1985 ûnder de Snitswike de titel fan Panskipper. Ek waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy wie sûnt 1952 troud mei Alie Boschma, mei wa't er fjouwer bern hie. Yn septimber 2018 kaam er yn 'e âlderdom fan 90 jier thús oan 'e Pampuskade yn Snits te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|