Joost Oomen
Joost Oomen (De Bilt, 18 novimber 1990) is in dichter, skriuwer, performer en muzikant.
Joost Oomen | ||
skriuwer | ||
Joost Oomen yn 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 novimber 1990 | |
berteplak | De Bilt | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Poëzy Proaza Muzyk | |
útjouwer | Querido | |
jierren aktyf | 2010 - no |
Libben en wurk
bewurkje seksjeJoost Oomen waard opbrocht yn Ysbrechtum en studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie húsdichter fan de universiteit yn it jier 2010-2011. Yn 2013 en 2014 waard Oomen stedsdichter fan Grins. Hy organisearre 'Kantoorpoëzie' en wie mei-organisator fan 'Absintherklaas'. Yn'e mande mei Marleen Nagtegaal organisearre hy inkelde jierren it poëzyfestival Dichters yn de Prinsetún yn Grins.
De Volkskrant beneamde Oomen ta literêr talint fan it jier 2021, nei't er it jier dêrfoar al by de lêste trije stie. Fan septimber 2021 ôf is Oomen fêste kollumnist by it Dagblad van het Noorden en de Ljouwerter Krante.
Famylje
bewurkje seksjeOomen is in achterneef fan nijslêzeres Astrid Kersseboom.
Bibliografy
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) Biografy op de side De Nieuwe Oost.
- (ned) Fraachpetear meiInterview met Oomen as Literêr talint fan 2021.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |