Jos Bergman
Jos Bergman (Haarlim, 24 april 1940) is in Nederlânsk skilder en akteur. Hy spile in haadrol yn de Nederlânske telefyzjerige Floris (1969) fan Paul Verhoeven.
Bergman spyle yn Floris de rol fan de fakir Sindala, de mysterieuze kameraad út Yndia fan Floris van Rosemondt (spile troch Rutger Hauer). Ynearsten soe syn rol likegrut wêze as dy fan Hauer; Gerard Soeteman syn skript hiet ek Floris en de Fakir. Rillegau waard Bergman lykwols troch Hauer benefterlitten.
Nei syn rol yn Floris hie Bergman noch in byrol yn de yn Nederlân opnommen Amerikaanske spylfilm The Little Ark (1972) fan James Clark, mar neitiid hat er net mear aktearre. Hy wie noch wol te sjen yn âld materiaal fan de telefyzjerige Floris, dat op 'en nij brûkt waard foar de spylfilm Floris út 2004.
De skilder Bergman is ferneamd wurden mei syn lânskippen.
Yn de dokumintêre De Ridder en de Fakir (1999) fan Paul Versteegen dy't er mei rie en die bystie, sjocht Bergman werom op syn tiid as Sindala en lit er syn skilderijen sjen.
Jos Bergman hat twa bern: Juliëtte (1964) en Ralph (1966).
Filmografy
bewurkje seksje- 1966 - Amulet (telefyzjerige)
- 1969 - Floris
- 1972 - The Little Ark
- 1999 - De Ridder en de Fakir
- 2004 - Floris (film) (argyfmateriaal)