Joseph Noyon (Snits, 9 jannewaris 1737 [1] – dêre, 18 novimber 1796) wie in keapman, lid fan de froedskip en boargemaster fan de stêd Snits. Hy stamde ôf út de hugenoatefamylje Noyon.

Joseph Noyon
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 jannewaris 1737
berteplak Snits
stjerdatum 18 novimber 1796
stjerplak Snits
Lid froedskip
amtsperioade 1769-1795
Skepen
amtsperioade 1786-1787
Boargemaster
amtsperioade 1794-1795
opfolger Izaak Vlink

Libben en wurk

bewurkje seksje

Noyon wie de âldste soan fan Petrus (ek Pytter) Noyon en Antie Thomas Gonggrijp. Hy boaske op 19 augustus 1759 op De Jouwer oan Geertruida Bernardus Munniks (1732 -1806). Nei it ferstjerren fan syn heit yn 1760 ferhuzen se nei syn âlderlik hûs "De Swaen" oan it Grutsân yn Snits.

Noyon wie keapman en ferfolle yn Snits inkelde regintefunksjes. Sa waard er yn 1769 lid fan de froedskip fan Snits. Yn 1773 en yn 1779 wie er boumaster, [2] yn 1786 skippen en yn 1794 boargemaster fan Snits. Nei de ynfal fan de Frânsen waard er ôfsetten as boargemaster.

Noyon stoar yn 1796 oan in kielsykte nei fiif dagen koarts.[3] Syn soan, de lettere notaris en belestingûntfanger Petrus Simeon Noyon soe yn 1815 ek lid wurde fan de froedskip fan Snits.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. Doopt 11 jannewaris 1737 (doopboek Sneek)
  2. in soarte fan wethâlder iepenbiere wurken (sjoch Noyon 2001:85)
  3. Famyljeberjochten - deaberjocht Joseph Noyon yn de Oprechte Haarlemse Courant, d.d. 26 novimber 1796