Noyon (laach)
De famylje Noyon stammet út Frankryk. De namme fan dizze hugenoatefamimylje komt al yn 1643 yn Utert en yn 1700 yn Snits foar. De patrysjersfamylje hat fabrikanten, militêren en juristen levere.
Famyljewapen
bewurkje seksjeOp it wapen stiet in nutebeam (Frânsk:noyon). Yn de Armoire Général fan 1861 wurdt it wapen troch Rietveld neamd. De famylje Noyon hat in houten wapenboerd mei it alliânsjewapen Noyon - Terpstra út 1782, makke by gelegenheid fan it houlik fan Petrus Simeon en Remelia Terpstra.
Bekende telgen
bewurkje seksjeAnthony Noyon boaske yn 1643 yn Utert oan Annichen Sickes. Hy ferstoar op 21 desimber 1685. Harren âldste soan Anthony (1644-1704) en syn frou Josine Bonte festigen har yn Snits. Sy krigen twa soannen, Joseph en de seis jier jongere Simeon.
- Petrus (ek Pytter) Noyon (1707 – 1760) wie troud mei Antie (Antsje) Thomas Gongrijp. Petrus wie tekstylfabrikant, lykas syn iennichste soan Joseph. Hy wenne op hûs De Swaen op it Grootzand.
- Joseph Noyon (1737-1796) wie troud mei Geertruida Munniks (1732-1808). Hy wie keapman en regint yn Snits.
- Petrus Simeon Noyon (1761–1848), troude yn 1782 mei Remelia Terpstra en yn 1816 mei de widdo Trijntje Heslinga. Hy fjochte mei yn de Tsiendeiske Fjildtocht. Yn 1816 waard er plakfervangend rjochter, fan 1809-1823 wied er notaris yn Snits en yn 1822 ek regent over de gevangenishuizen. Yn 1823 waard er ûnfanger fan de belestingen en letter ficepresidint fan het Hof te Amsterdam.
- Mr. Tarquinius Johannes Noyon (1848–1929), jurist, prokureur-generaal fan de Hege Ried fan de Nederlannen, troud mei Louize Catharina Elizabeth van Valkenburg.
- Tarquinius Johannes Noyon (1950), byldhouwer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|