Josiah Wedgwood (12 july 17303 jannewaris 1795) wie in Ingelske ûndernimmer, dy't oan de widze stie fan it fabryksmjittich meitsjen fan ierdewurk, it ferneamde Wedgwood-porsleinguod. Hy wie ek in foaroansteand tsjinstanner fan de slavernij, dy't namme makke mei syn anti-slavernij medaljon, mei as opskrift: Am I Not A Man And A Brother?. Hy wie in lid fan de Darwin-Wedgwood famylje. Charles Darwin wie syn pakesizzer.

Josiah Wedgwood
Etruria Hall, boud fan 1768 -1771 troch Joseph Pickford. It waard restaurearre as ûnderdiel fan it Stoke-on-Trent Garden Festival (1986) en is no part fan in fjouwerstjerrehotel.
Am I Not a Man and a Brother? Medaljon makke as part fan de anti-slavernij kampanje troch Wedgwood, 1787

Biografy bewurkje seksje

Jonge jierren bewurkje seksje

Josiah waard berne yn Burslem, Staffordshire, Ingelân, as tolfde en lêste bern fan Thomas Wedgwood en Mary Wedgwood (berne Stringer; † 1766), Josiah waard grutbrocht yn in famylje fan Dissinters. Hy oerlibbe as jonkje de pokken en waard learling pottebakker by syn âldste broer Thomas Wedgwood IV. Troch de pokken hâlde Josiah lest fan in swakke knibbel, sadat er it pottebakkerstsjil net betsjinje koe. Dêrtroch lei er him al jong ta op it ûntwerpen fan diggelguod.

Doe't er krekt 20 jier wie, gie Wedgwood oan 't wurk foar de meast bekende Ingelske pottebakker fan syn tiid, Thomas Whieldon. Hy begûn te eksperimintearjen mei in grut ferskaat oan baktechniken en dat foel krekt gear mei it útrinnen fan de yndustrystêd Manchester. Dêrtroch ynspirearre hierde er de pottebakkerij Ivy Works yn Burslem. Yn de tsien jier dy't folgen, feroare er mei syn ûndersyk en ûnderfinings (en in foarske kapitaalinjeksje, troch syn houlik mei syn begoedige fiere nicht) de lytsskealige, ambachtlike pottebakkerij yn de earste wiere ierdewurkfabryk.

Houlik en bern bewurkje seksje

Wedgwood boaske Sarah Wedgwood (1734-1815), syn tredde nicht, yn jannewaris 1764. Se krigen sân bern:

Wurk bewurkje seksje

Josiah syn wurk wie fan tige hege kwaliteit. Wat net foldie oan syn hege produksjestandert, sloech er stikken mei syn gongelstôk, ûnder de útrop "Dit stiet Josiah Wedgwood net oan!" Hy hie ek in soad niget oan nije wittenskiplike fynsten en besocht dy te brûken foar it ferbetterjen fan syn produkten. De unyke glâns fan syn diggelguod, makke him de ferneamdste pottebakker fan alle tiden.

Tsjin 1763 krige er opdrachten út de heechste maatskiplike lagen fan de befolking, sa ek fan Keninginne Charlotte. Wedgwood krige har tastimming om har oanskaf "Queen's Ware" te neamen en makke dêr in soad reklame mei. Yn 1774 bestelde Katharina de Grutte fan Ruslân ûnder mear de Green Frog Service fan Wedgwood; it is noch útstald yn it Hermitage Museum te Sint Petersburch.[1]

As waaksend yndustrieel wie Wedgwood in wichtich stiper fan de oanliz fan it Trent en Mersey Kanaal tusken de rivier de Trent en de Mersey, wat him ek yn de kunde brocht mei Erasmus Darwin. Letter dat desennium moast er ferhúzje fan de Ivy Works nei de krekt boude Etruria Works om útwreidzje te kinnen, dit bedriuw hat 180 jier draaid. It fabryk waard neamd nei it Italjaansk distrikt Etruria, dêr't yn dy tiid swart porslein út de tiid fan de Etrusken bleat lein waard. Wedgwood fûn dêryn ynspiraasje en sette útein mei de "Black Basalt"-line.

Yn dy snuorje krige er swierrichheden mei syn oandiene knibbel en in amputaasje fan de rjochter skonk wie nedich. Yn 1780 stoar syn sakepartner Thomas Bentley, en Wedgwood frege doe Darwin foar help om syn bedriuw draaiende te hâlden. Dêrtroch ûntstie in nauwe bân tusken de famylje Wedgwood en Darwin; Josiah's âldste dochter soe letter trouwe mei Erasmus' soan. In soan út dat houlik, Charles Darwin, troude letter ek in Wedgwood, Emma, Josiah's pakesizzer. Dy dûbele Wedgwood erfenis joech Charles Darwin de frije tiid om syn evolúsjeteory te ferwurdzjen.

Yn it lêste diel fan syn libben rekke Wedgwood's obsedearre troch it duplisearjen fan de Portland faas, in blau en wite glêzen faas út de earste iuw f.Kr. Hy arbeide der trije jier oan dit projekt en lang om let slagge it him en produsearje in Wedgewood kopy fan Portland faas dy't syn goedkeuring fertsjinne, dat wie yn 1789.

Doe't er syn bedriuw oerdien hie oan syn soannen stoar Wedgewood yn 1795, wierskynlik oan kanker fan de kaak. Trije dagen letter waard er begroeven op it hôf fan de tsjerke te Stoke-on-Trent.

Hy hearde ta de fjirde generaasje fan pottebakkers, nei him folgen noch fiif generaasje yn deselde brânsje. Wedgwood's company is noch hieltyd in ferneamde klank yn de pottebakkerswrâld..

Wedgewood wie fierders in warber lid fan de Lunar Society dy't gearkamen yn Erasmus Darwin House. Hy waard keazen yn de Royal Society yn 1783 foar it ûntwikkeljen fan in pyrometer.

Wedgwood wurdt ek sjoen as de útfiner fan moderne marketing; hy betocht de direct mail, jild-werom gerânsje, reizgjende fertsjintwurdigers, selsbetsjinning, 'twa helje, ien betelje', fergees besoargjen en de yllustrearre katalogus.[2].

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Josiah Wedgwood


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: