Jouster Wettersportferiening

De Jouster wettersportvereniging (JWS) is in partikuliere wettersportferiening op De Jouwer. De feriening hat twa eigen jachthavens en is oansluten by it wettersportbûn. De feriening hie yn 2019 sa'n 550 leden.

JWS
Havens fan de JWS

De beide jachthavens hawwe iepen en oerdekte jierlisplakken. Foar lytsere boaten binne der drûchstallings en trailers. De havens binne saneamde opberchhavens en ha net folle fasiliteiten as ferieningsgebou of sinitêre foarsjennings. By de havens is in wurkplak en in havenkantoar fan de behearder.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1932 waard de wettersportferiening "Joure en omstreken" oprjochte. De leden betellen in gûne kontribúsje yn it jier. De klupflagge bestie út in puntflagge mei in griene middenbaan mei oan beide kanten bêzje. Op de flagge stiene de letters JWS. De flaggen wiene yn trije gruttes te keap foar 10, 80 en 120 sinten. Yn 1933 wiene der 90 leden, dy't dat jier in demontabele starttoer oantúgden. It oanlizzen oan de Griene Dyk waard dat jier troch de eigener fan de grûn ferbean. Meidat de earste jierren troch min waar de wedstriden net folle dielnimmers hie, rûn it kastekoart op, mei dêrom waard yn 1936 it slepen fan de boaten nei Grou ôfskaft. Dat jier waard ek besluten om net langer sigaren as wedstrydpriis te jaan. Yn 1937 waard de feriening Keninklik goedkard en krige doe de namme Jouster Watersport (JWS). De feriening keapet yn 1937 it 'groote bootenhuis' oan de Jouster Sylroede fan H. Koen en in stripe lân oan de Sweachmerfeart. Doe't de Nutssparbank net it hiele bedrach finansiere woe, waard dat bedrach as obligaasje opbrocht troch de 116 leden en fjouwer donateurs. Yn de oarloch waard in grut ferrin fan leden ferwachte, mar der ûntstie krekt oarsom in wachtlist fan 40 minsken. Der kaam doe in haven yn de Sniksweachster feart. Yn 1944 mocht net syld wurde, omdat de grutte Marren troch de Dútsers as 'spergebiet' oanmerke wiene.

Nei de oarloch

Nei de oarloch rûn it ledetal werom nei 46. De âlde flagge waard fernijd, mar koe pas in pear jier letter levere wurde troch materiaalkrapte. De reade flagge wie troch blauwe banen yn fjouweren ferdield. Op it krúspunt fan de banen steane yn in wite 'maple leaf' de letters JWS. It eskdoarnblêd is in earbetoan oan de Kanadezen dy't De Jouwer befrijd hawwe.

De jierlikse sylwedstryd by Grou waard yn 1948 ôfskaft. Yn 1953 wiene noch mar fiif leden oer sadat de kontribúsje en de flaggepriis omheech moast. It 25-jierrich jubileum waard yn 1957 fierd mei in reüny fan Rûne en Platboaiemjachten en in wedstryd op de puollen. De Griene Dyk waard oankocht troch de gemeente en der kaam in steger fan 100 meter. Yn 1960 krige de feriening tastimming foar in 'houten flier' mei 34 lisplakken foar eksploitaasje yn eigen behear. It ledetal rûn dy jierren hurd op, sa wiene der yn 1966 al trijehûndert leden. Doe't de 'Houten Flier' yn 1967 wer útwreide wurde moast en it ledejild omheech gie, krige de haven as bynamme 'Gouden Flier'. Yn 1968 waard besluten om gjin ûnderlinge wedstriden mear te hâlden. Wol waard in tasichthâlder foar de haven beneamd. De feriening waard yn 1968 lid fan de Marrekrite. In jier letter waard in begjin makke mei de oanlis fan in jachthaven oan de Jonkersfeart dy't de namme Griene Moune krige. De âlde skiphuzen oan de Sweachmerfeart waarden ferkocht. Dy wiene oerstallich wurden trochdat de boaten grutter en heger waarden en net mear goed troch de brêge koene. De nije haven waard nei in ruilferkavilng al yn 1972 fierder útwreide. It jubileum waard dat jier fierd mei in feestjûn yn de Buorkerij. De JWS wie ek belutsen by de organisaasje fan it Nederlânsk Kampioenskip 16 m² op de Snitser Mar. Yn 1978 wie de fjirde faze fan de 'Houten Flier' klear.

 
Flagge mei de eardere wimpel

By it 50-jierrich bestean yn 1982 hie de feriening hast 800 leden. De Houten Flier (103) en de Griene Moune (232) hawwe dan 335 oerdekte lisplakken en 115 iepen lisplakken. Foar de havenmaster kaam der in oare wenarke. By de wedstriden waard gearwurke mei de HWN (Hearrenfeanster Wettersportferiening Nannewiid) Yn 1990 wurde yn haven Griene Moune 40 nije lisplakken yn gebrûk nomd. Yn 1997 komme de T-shirts, poloshirts, sweaters en petten yn de hannel mei it logo fan de JWS. It âlde kaaiesysteem foar tagong ta de havens en skiphuzen waaard yn dizze tiid ferfongen troch in kaartlêssysteem. Yn 1999 waard it 60-jierrich bestean fierd mei spultsjes as piksjitten op de Goaiïngarypster Puollen en in knobbeltocht fan de puollen nei de stêd Sleat.

21e iuw

Yn de 21e iuw rûnen de kosten fan ôffalferwidering op. Sa moast der in oerkaping foar de oalje komme en opslachtanks foar bilgewetter. Yn 2008 is de wâlbeskoaiïng ferbettere en waard de púnferhurding fan it terrein ferfongen troch betonplaten. Yn 2010 hie de haven in 100% besetting en in lytse wachtlist.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: