Juckemastate wie in state ten noarden fan Stiens, oan wat Eekhoff yn 1845 de Hooge Heere Weg neamt, gemeente Ljouwerteradiel. Fan de state is neat werom te finen.

Juckemastate yn 1723

It hûs wurdt foar it earst neamd yn 1632, mar moat foar de 15e iuw boud wêze. It waard faak bewenne troch grytmannen fan de gritenij It Bilt. Yn 1632 wie eigener/bewenner de hear Philips fan Boschhuyzen, grytman fan It Bilt. Hy troude yn dat jier mei Anna fan Eysinga, widdo fan Opke fan Burmania fan de tichtby steande Burmaniastate. Hja oerlibbe ek har twadde man en stifte as widdo as neitins oan him it Boschhuyzen Gasthûs yn Ljouwert.

Yn 1722 wie Regnerus fan Andringa eigener fan de state. Hy wie yn dat jier grytman fan Lemsterlân, mar hy hat ek grytman fan It Bilt west. Yn 1754 wie it al dien mei de state. Yn dat jier waarden in soad swiere beammen ferkocht en in pear moannen letter 400 lêst "âlde friezen" (kleastermoppen), kommend fan de ôfbraak fan de state. Dat betsjut dat de oarsprong fan de stins/state sa tusken 1150 en 1400 rûsd wurde moat. De 5 meter hege terp waard pas yn 1899 ôfgroeven, doe't der in soad fraach wie nei de fruchtbere terpierde. Dy waard brûkt foar it fruchtber meitsjen fan ôfgroeven heechfeangebieten yn Drinte en it súdeasten fan Fryslân.

  • 1632 Philips fan Boschhuyzen
  • 1722 Regnerus fan Andringa

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • G. Abma - Ljouwerteradiel, 1984
  • A. Algra - De Historie gaat door het eigen dorp