Judensau
In Judensau (Dútsk foar joadesûch) is in bistemetafoar en ferwiist nei in antysemitysk motyf, dat ûnstie yn 'e hege midsiuwen. De Judensau wie bedoeld om kristenen te warskôgjen foar de sabeare duvelske gewoanten fan 'e Joaden, har út te sluten, te krinken, om de gek mei se te ha en it joadedom te lasterjen.
De foarstelling lit faak ien of mear persoanen mei in in puntige joadehoed op sjen, dy't oan it oer fan in baarch loarkje. De baarch is yn it joadedom in ûnrein bist en it is ferbean om dêrfan te iten.
Fan it motyf binne sûnt 1230 48 reliëfs, byldhouwurken of muorreskilderingen dokumintearre, benammen yn Sintraal-Europa. Dêrfan binne 43 bewarre bleaun.
Sûnt de 15e ferskynde it motyf as in agressive karikatuer yn it printe wurk en sûnt de 19e iuw ek as antysemityske karikatuer. De Dútsktalige skelnammen Judensau, Judenschwein en Saujude ûntstiene om 1819 hinne.
De nasjonaalsosjalistyske propaganda makke dêr gebrûk fan en effene sa it paad foar de Holocaust.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Judensau fan Wikimedia Commons. |