Jodocus Hondius
Jodocus Hondius of Judocus Hondius. Nederlânske namme: Joost de Hondt - d'Hondt (Wakken, 17 oktober 1563 – Amsterdam, 12 febrewaris 1612) wie in Flaamsk kartograaf, dy’t yn Londen en Amsterdam wurke, en fral bekend is as werútjouwer fan de atlassen fan Gerardus Mercator.
Hondius waard berne yn it Westflaamse Wakken en brocht syn jeugd troch yn Gint. Yn ’t earstoan wie er graveur, kalligraaf en stimpelsnijer.
Yn 1584 flechte er nei Londen om oan de Spaanske Ynkwisysje te ûntkommen. Yn syn Ingelske tiid joech Hondius it wurk fan Francis Drake út. Dy hie yn de jierren 70 fan de 16e iuw de wrâld omfearn. Benammen makke er in no ferneamde kaart fan Nij Albion, in koart skoft tiid in Ingelske koloanje oan de westkust fan Noard-Amerika. Teffens wurdt wol tocht dat Hondius de keunstner is dy’t de bekende portretten fan Drake make hat. Yn 1593 ferfarre er nei Amsterdam, dêr’t er oant syn dea ta bleauwe soe. It hûs dêr’t er wenne krige da namme 'In de Wackere Hondt', in ferwizing nei syn berteplak en syn famyljenamme.
Yn Londen wie er befreone mei de kartograaf John Speed (1553-1629). Speed liet de kaarten foar syn twa grutte monumintale wurken (The Theatre of the Empire of Great Britain en Prospect of the most famous parts of the World) foar it grutste part yn Amsterdam troch Hondius gravearje.
Hondius wie besibbe oan Pieter van den Berghe (Petrus Montanus), Pieter van den Keere (Petrus Kaerius) en Johannes Janssonius. Nei syn dea waard de útjouwerij fuortset troch syn soannen Jodocus II († 1629) en Henricus (1597-1651).[1] Oant yn de 18e iuw waarden de kaarten van Hondius op 'en nij útjûn, û.o. troch Frederik de Wit en de firma Valk & Schenk.
Publikaasjes
bewurkje seksjeIn karút.
- Vera totius Expeditionis Nauticae 1595, in wrâldkaart, foarsteld as twa hemisferen.
- Caert-Thresoor 1598, in bûsatlas.
- Nieuwe caerte van het wonderbaer ende goudrijcke landt Guiana 1599, in kaart fan Nederlânsk-Gujana.
- Atlas sive cosmographicae meditationes... 1606, in werútjefte fan Mercators atlassen, mei gravearre koperplaten út de neilitteskip fan Gerardus Mercator oanfold mei 36 kaarten, diels eigen wurk.
-
Vera Totius 1595
-
Wonderbaer ende Goudrijcke Landt Guiana 1598
-
America Meridionalis 1606
-
Guineae Nova Descriptio 1606
Keppelings om utens
bewurkje seksje- LOC: Vera totius Expeditionis Nauticae
- Bibleteekeek UfA - Suriname 1598-1975: Nieuwe caerte van het wonderbaer ende goudrijcke landt Guiana - Ynzoomber
- Atlas Minor Gerardi Mercatoris a I. Hondio plurimis aeneis tabulis auctus atque ilustratus - Digitale ferzje fan de 1610 edysje fan de Mercator-Hondius Atlas.
- Library of Congress Vera Totius Expeditionis Nauticae 1595
- Universiteitsbibleteek Amsterdam 25 kaarten fan Hondius
- Biblioteca de la Universidad Complutense de Madrid Atlas sive Cosmographicae 1623
- Biblioteca Nacional de España L'Atlas, # 1 mei û.o. Dútslân en de Nederlannen 1633
- Biblioteca Nacional de España² L'Atlas, # 2 mei û.o. Italië, Afrika, Aazje en Amearika 1633
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |