Junkers (fleantúchfabrikant)

Junkers Flugzeug- und Motorenwerke AG wie in Dútske fabrikant fan fleantugen en fleantúchmotors.

Junkers Flugzeug- und Motorenwerke AG
algemien
nasjonaliteit Dútslân
type Privaatmaatskippij
sektor Loftfeart
haadkertier Dessau
oprjochte 1895
opdoekt 1969
oprjochter Hugo Junkers
sifers
wurknimmers 40.000
offisjele webside
Offisjeel webstee
It eardere Junkersfabryk yn Dessau. Portret fan Hugo Junkers
De Junkers J1, 1915
Produksjeline fan de Ju 88

It bedriuw waard yn 1895 troch Hugo Junkers yn Dessau stichte as fabryk foar ferwaarmingstsjettels en radiators. Yn de Earste Wrâldoarloch waard begûn mei de produksje fan fleantugen. Junkers makke yn 1915 it earste fleantúch dat hieledal fan metaal makke wie, de J1, in licht jachtfleantúch fan aluminium. Nei de Earste Wrâldoarloch boude Junkers de F13, it earste spesjaal foar passazjiersferfier ornearre fleantúch dat yn produksje gie. Yn 1933 waard Hugo Junkers troch de nazi's twong om syn bedriuw oer te jaan, dat dêrnei ien fan de wichtichste produsinten foar de nij Luftwaffe waard. (Hermann Göring hie nei de Earste Wrâldoarloch sollisitearre op de funksje fan testpiloat by Junkers, mar waard net oannaam.)

Ferneamde ûntwerpen fan Junkers wiene ûnder oaren it Ju-52/3m transport- en passazjierstastel, de Ju-87 Stuka dûkbommesmiter en de Ju 88 (jacht)bommesmiter.

Nei de fúzje mei Messerschmitt-Bölkow-Blohm (1968-1989) is Junkers no part fan de Airbus Group.

Fleanmasines fan Junkers

bewurkje seksje

Projekten oant 1945

bewurkje seksje

Junkers (Jumo) fleanmasinemotors

bewurkje seksje
 
De Jumo 205

Keppeling om utens

bewurkje seksje