Junkers Ju 88

(Trochferwiisd fan Junkers J 88)
Junkers Ju 88


Rol Sjoch tekst
Makker Junkers
Untwerper W.H. Evers en Alfred Gassner
Earste flecht 21 desimber 1936
Yn tsjinst Septimber 1939
Ut tsjinst 1951 (Frankryk)
Tal makke 14.882 (1939 - 1945)
Brûkers
Fariant Junkers Ju 188 en tsientallen ferzjes

De Junkers Ju 88 wie in twa-motorige middelswiere bommesmiter fan de Dútske fabrikant Junkers. It tastel wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.

Junkers Ju 88 A-4

De Ju 88 wie in fleanmasine mei in brede tapassing. Hy waard ynset as jachtbommesmiter, nachtjager (Ju 88C), (dûk)bommesmiter, torpedobommesmiter en ferkenningsfleanmasine en tsjin de ein fan de oarloch as Mistel (fleanende bom). Tsientallen farianten hawwe der west.

Yn de Twadde Wrâldoarloch is it tastel ek as nachtjager fan de Fliegerhorst Deelen ôf ynset dêr't de 2e Gruppe Nachtjagdgeschwader stasjonearre wie en yn de 5e Gruppe Zerstörer fan Fliegerhorst Volkel ôf.

It tastel tsjinne oan alle fronten fan beset Jeropa. Der binne sa'n 15.000 eksimplaren fan boud.

Technyske feiten

bewurkje seksje

(útsein de jachtfarianten)

  • Motors: twa Junkers Jumo 211 linemotors, 1200 hk it stik
  • Bewapening: oant 1650 kg bommen, fjouwer 7,92 mm mitrailleurs
  • Heechste faasje: 450 km/o op 6000 m hichte
  • Fleanberik: 1000 km mei normale bomlading
  • Fleanplafond: 8750 m
  • Bemanning: 3

Keppeling om utens

bewurkje seksje