Jurriaan Menno Huizinga

Jurriaan (J.) Menno Huizinga (Teksel, 1850 - Amsterdam, 15 jannewaris 1913) wie in Nederlânsk arts en direkteur fan de GGD yn Amsterdam.

J. Menno Huizenga

Huizenga helle syn arts-diploma yn 1874 en fêstige him as medikus yn Harns.

Yn 1890 waard Huizenga beneamd ta ynspekteur fan it Steatstafersjoch op de Folkssûnens yn de provinsje Grinslân en in pear jier letter ek yn Súd-Hollân. Yn 1901 waard hy beneamd ta direkteur fan de GGD yn Amsterdam. Under syn lieding waard yn Amsterdam de genêskundige earmenfersoarging regele en waarden it genêskundich skoaltasicht en de tsjinst 'Earste help by Ungelukken' ynsteld.

Huizinga beklaaide in hege rol yn de frijmitselderij, wie foarsitter fan de Frijmitseldersstichting yn de Vondelstrsstrjitte yn Amsterdam en fan de 'Willem Frederik'-lôzje yn de Vondelstrjitte; hy skreau dêrneist artikels, ûnder mear yn De Gids, bygelyks Slapende zielen (1889) en Mens of automaat? Inleiding tot een studie over het Hypnotisme. (1888).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1913, J. Menno Huizenga, Eigen Haard (tydskrift), side 2