De Kúnderbosk (1100 hektare) is it grutste oan elkoar lizzende bosk fan de Noardeastpolder. It is oan de râne fan de Noardeastpolder, oan de grins mei Fryslân en Oerisel. De bosk is neamd nei de eartiidske Suderseestedsje De Kúnder, dat no oan de râne fan de Kúnderbosk leit.

Troch it ferskaat oan grûnsoarten hat de bosk in fariearde fegetaasje. Op ferskate plakken is der in griemmank fan soere en kalkrike grûn ûntstien. Hjirtroch is it mooglik dat mar leafst 23 fan de 27 farensoarten dy't Nederlân ryk is yn de Kúnderbosk groeie.

Yn de Boarchbosk, it gedielte fan de bosk flakby Kúnder, binne nei de drûchlizzing de resten fan in kastiel fûn. It giet hjir nei alle gedchten om de âldste boarch dy't by De Kúnder stien hat. De boarch waard bewenne troch de Hearen fan De Kúnder.

De bosk is oanplante yn de perioade 1947-1953. De Kúnderbosk biedt in skala oan mooglikheden. Der binne talleaze wannel- en fytsrûtes, der is in rûte foar mountainbikers en ek foar ruters is der in rûte oanlein. Deirekreaasje en kampeare is ek mooglik. Ek is der in barbecueplak oanlein op it deikampearterrein by de eardere haven oan de Hopwei.

Troch in swiere stoarm fan 18 jannewaris 2007 binne in soad âlde beammen yn de bosk sneuvele.

Plakken om de Kúnderbosk binne De Kúnder, Bant, Rutten en Luttelgeast.