Haadmenu iepenje

Bant is ien fan de tsien doarpen yn de gemeente Noardeastpolder.

Yn 1951 waard begûn mei de bou fan it doarp, dat ûnderwilens mear as 1300 ynwenners telt en oan de snelwei A6 leit, tusken de plakken Emmeloard en De Lemmer.

Nettsjinsteande dat Bant mar in lyts doarp is, hat it de nedige foarsjennings ta foldwaan. Sa binne der twa basisskoallen. Teffens hat Bant in bloeiende sportferiening, in fakânsjepark, in multifunksjonele akkommodaasje (de Bantsilyk) en leit it mar op in pear kilometer fan de Kúnderbosk. Om de fiif jier is der yn Bant in grut doarpsfeest. In juny 2006 fierde Bant dat it doarp fiifenfyftich jier bestie.

De namme fan it doarp is ôflaat fan de lannen fan Bant of Bantegea, dy’t ea leinen yn de hjoeddeiske gemeente Lemsterlân en dy’t rûnen oant yn it gebiet dat no de Noardeastpolder is.

Keppeling om utensBewurkje