Kaak (skandepeal)
(Trochferwiisd fan Kaak (skandpeal))
In kaak is in skandepeal of blok of skavot (skandesteger). Faak is in kaak bekroand mei in stedswapen. Wa't 'oan de kaak steld waard', waard oan de kaak fêstklonken, droech somtiden in boerd mei opskrift, en stie - faak op de merkedei - foar spot.
Yn de 16e iuw stie yn Ljouwert de kaak oan de eastside fan de Brol, letter by de stoepe fan it riedhûs (dêr weibrutsen yn 1795). De kaak droech de 'kliuwende liuw' fan it stedswapen. Dêr komt de útdrukking wei fan 'de liuw yn de bek sjen'. De kaakstraf is op 29 juny 1854 ôfskaft.
Bewarre skandepeallen
bewurkje seksje-
Brecht yn België
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|