Kafee 'De Ster'
De Ster wie in kafee dat oant 1923 oan de Midstrjitte op De Jouwer stie.
Herberch
bewurkje seksjeYn 1872 kocht de Sint Nykster timmerman Jan Harmens Bosma (1838-1927) in herberch op De Jouwer. De herberch stie oan de Midstrjitte, sawat healwei de roomske tsjerke en de Jouster Toer. Op 23 maaie 1872 liet Jan de 'herberg met stalling' werbouwe. Nei alle gedachten hie dy herberch doe al de namme ‘De Ster’. Yn 1882 krige Jan (hy liet him letter Johannes neame) fergunning om sterke drank yn it lyts te ferkeapjen. By dy fergunning waard hy neamd as 'timmerman, tapper en herbergier'.
De herberch hie doe ‘twee localen’. Under wie de jachtweide en boppe it loazjemint. Efter de herberch wie in stalling dêr't 25 hynders stean koene. Boeren dy't nei de roomske tsjerken giene, koene dêr harren hynders stalle. Bosma wie ek roomsk, dat misbesikers sille neitiids grif wol efkes by him oanstutsen hawwe. Yn De Ster waarden gearkomsten, ferkeapings, brulloften en ek begraffenissen hâlden. Dêrneist wiene der bysûndere feestdagen lykas it Kroaningsfeest fan 1898, de Unôfhinklikheidsfeesten fan 1913 en de Jouster Merke, dy't oant 1891 wol acht dagen duorre ynstee fan letter fiif dagen.
Op 12 novimber 1915 ferkocht Johannes Bosma ‘De Ster’ oan winkelman Petrus Poppe (Paulus) IJsselmuiden dy't in winkel hie oan de Godsacker yn Frjentsjer. Meastentiids stie syn frou Antje Postma efter de taap en sutele Johannes yn de omkriten fan Frjentsjer. Antje Postma wie in boeredochter fan Haskerdiken. Har heit waard kastlein fan kafee “De Twee Gemeenten” yn Jirnsum, dêr't Antsje foar har trouwen wurke. Dêr hie se ek Johannes troffen dy't as arbeider by in boer yn Friens wurke. Petrus en Antje IJsselmuiden kamen mei harren seis bern nei De Jouwer. Petrus krige dat jier 'vergunning tot den verkoop van sterken drank in ’t klein in het perceel te Joure, plaatselijk gemerkt Wijk A no.146'. De beneaming ‘herberch’ ferdwûn, sa stie op it fytserek neist de doar 'Café De Ster'. Troch de Earste Wrâldoarloch en de Spaanske gryp stode it earst net sa hurd mei de klandyzje.
Ien fan de stamgasten fan De Ster wie Hendrik (Kappie) Kramer senior. Petrus kocht fan Hendrik syn soan in pear wynfetten dy't oanspield wiene op de Waadkust en dy't oerboard spield wiene fan de 'West-Atleta'. Hendrik junior kaam sa yn de kunde mei Regine, de âldste dochter fan Petrus IJsselmuiden. Se hâlden harren brulloft yn De Ster. Ienkear yn it jier wie de ferrekkening fan reder Hendrik Kramer mei de túnkers út de omkriten fan De Jouwer. De túnkers lieten alle wiken harren grienten en fruit mei de Libraboaten fan Hendrik Kramer nei Snits bringe. Nei ôfrin fan dizze Kramergearkomsten' waard yn De Ster skutjasse.
Winkel
bewurkje seksjeYn 1923 waard it kafee oerdien oan Johanne Durk Bijkersma. Doe't Bijkersma it kafee ferkocht oan Wybren K. Taconis waard it pân dat hast oardel ieu kafee 'De Ster' west hie, yn 1927 ferboud ta konfeksjewinkel. Nei Taconis krige de winkel op de hoeke fan de Midstrjitte de nammen 'Halma Textiel', 'Gezuster Bosma' – ek yn tekstyl – en sûnt 1972 'Hema'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|