Kalifornyske bever
De Kalifornyske bever (Latynske namme: Castor californicus) wie in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae) en it skaai fan 'e bevers (Castor), dat yn Noard-Amearika libbe.
Kalifornyske bever | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Castor Californicus | ||||||||||||
Kellogg, 1911 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Dizze soarte wie nau besibbe oan 'e beide noch libbene beversoarten, mar stoar oan 'e ein fan it Mioseen of it begjin fan it Pleistoseen út. Wat uterlik oanbelanget wie de Kalifornyske bever de moderne Kanadeeske bever (Castor canadensis) net wanlyk, mar hy wie grutter fan stal.
De Kalifornyske bever waard foar it earst beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch Vernon Lyman Kellogg, yn 1911. In wittenskiplik synonym foar de Kalifornyske bever is Castor accessor Hay, 1927.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|